Jorrit Bergsma, Heather Bergsma en Iris Kroes flogge foar minder ôffal

maaie 22, 2020 08:42

Wy stean mei-inoar foar in enoarme útdaging. Us hoemannichte húshâldlik ôffal moat drastysk omleech. Dêrom kiest Omrin mei santjin dielnimmende gemeenten foar in nije opfallende kampanje: skiedadvys. Dêr moat mei berikt wurde dat minder ôffal produsearre wurdt en de minsken mei sa min mooglik muoite harren ôffal better skiftsje. Yn de haadrol: Jorrit Bergsma, Heather Bergsma en Iris Kroes.

BN’ers flogge foar minder ôffal
Om safolle mooglik ynwenners ta minder ôffal en it better skiftsjen dêrfan te motivearjen, sille Jorrit Bergsma, Heather Bergsma en Iris Kroes minsken ynspirearje mei aardige flochs, skiedtips en handige oplossings om sels te dwaan. Woansdei is de kampanje úteinset mei it earste floch, dêr’t yn oproppen wurdt om problemen by it skieden fan ôffal of it tefoarenkommen dêrfan op te stjoeren.

Offal skiede en skiftsje en de previnsje fan ôffal
It doel is dat der jierliks noch mar maksimaal hûndert kilo húshâldlik ôffal de ynwenner is. En dat 75% fan al it húshâldlik ôffal werbrûkt wurdt. Wie de foarige kampanje foaral rjochte op it skieden fan ôffal, de nije kampanje rjochtet him ek op de previnsje fan ôffal. Op dy wize wurde ynwenners ekstra prikele om werklik minder húshâldlik ôffal oan te bieden.

Santjin gemeenten yn Fryslân en Grinslân
Alle gemeenten yn Nederlân hawwe fan de Ryksoerheid de saneamde VANG-doelstelling (‘Van Afval Naar Grondstof’) krigen, dêr’t yn fêststeld is dat der fan 2020 noch mar maksimaal hûndert kilo ôffal de persoan jiers is. Santjin gemeenten yn Fryslân en Grinslân hawwe de hannen yninoar slein om dat doel te heljen en Omrin de opdracht jûn om de kampanje út te fieren.

Besjoch it earste floch:

maaie 22, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne maaie 26, 21:48

    Wêrom prate dyen no net gewoan Frysk? It wurdt ommers ek noch ûndertitele! Sjoch dizze diskusje:https://www.itnijs.frl/2020/05/sa-kenne-wy-de-vvd-wer/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.