JongNBE stipet WarChild by kampanje

maaie 31, 2020 12:00

JongNBE (foto: Fred van ’t Slot)

De blazers fan it jongNBE (jong Nederlands Blazers Ensemble) stypje de kommende moanne de kampanje fan WarChild ‘Doorbreek het zwijgen’. Yn Nederlân libje de minsken al 75 jier yn frijheid, mar 149 miljoen bern groeie op yn oarlochsgebieten. Mei de kampanje wol WarChild safolle mooglik jild ophelje foar dy bern, sadat sy wer genietsje kinne fan mei-inoar boartsje, sporte en muzyk meitsje. Om it swijen te trochbrekken en de krêft fan de muzyk troch te jaan.

Donearje is mooglik fia dizze link. Donateurs dy’t foar 25 juny bydrage oan de aksje, meitsje kâns op in húskeamerkonsert fan it jongNBE, sa gau’t dat wer mooglik is.

Sneintejûn 31 maaie 21.30 oere stjoert SBS6 it lêste diel út fan de dokumintêre Kinderen in Oorlog, 75 jaar later. Dêryn fertelle bekende Nederlanners as Hanneke Groenteman, Philip Freriks en Sjaak Swart harren ferhaal oer de pine yn de oarloch en dat it faak tsientallen jierren duorre hat, foar’t se der iepenlik oer prate koene. Hja beklamje hoe wichtich it is dat de bern dy’t no yn oarlochsgebieten opgroeie, sa gau mooglik stipe krije by it omgean mei harren pine en ûnderfinings.

It jongNBE is in ensemble fan jonge talintfolle musisy fan de Nederlânske konservatoaria, guon al klear, oaren noch middenyn harren oplieding. It ensemble bestiet út tsien musisy (fluit, hamboai, klarinet, fagot, hoarn, trompet, saksofoan, (bas)tromboane, slachwurk en kontrabas/basgitaar) en wurdt begelaat troch musisy mei ûnderfining fan it NBE.

maaie 31, 2020 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.