Jimme binne allegear gekken!

maaie 9, 2020 08:00 Fernijd

Folksferhaal

Haskerdiken, de Kapelle (foto Wikimedia Commons © Jan Dijkstra)

It moat yn Haskerdiken bard wêze. Yn ’e Kapelle, sa’t de tsjerke dêr noch altyd hjit, soe op in sneintemoarn preek wêze. De dominy wie der net, dat doe soe de skoalmaster mar preeklêze. Mar op it alderlêste momint rekke dy út oarder en doe siet de tsjerekried mei de hannen yn ’t hier, want der wie ommers nimmen dy’t preekje of preeklêze koe.

Doe seine dy boeren – want it wiene allegearre boeren dy’t yn ’e tsjerkeried sieten –: “Gjin gemaal, de koster moat mar preeklêze!” It wie al dik tsjerktiid, it folk wie al yn, dat se moasten wol it iene of ’t oare útfine. Dy man sloech op ’t lêst altyd mei dominy om, dy soe him der wol mei rêde. Hjasels koene it yn alle gefallen net.

Dat foel de koster kâld op ’e lea. “Minsken”, sei er, “dat wurdt mei my neat!” Mar de boeren wiene koart oanbûn, en de koster krige de tiid net iens om út te lizzen wêrom’t it by him neat waard. Se krigen him by de lurven en smieten him yn ’e tsjerke. Ja, wat moast er doe? Hy koe dêr ek min yn tsjerke, foar allemans eagen, mei dy boeren begjinne te wrakseljen. Dat hy rûn nei de preekstoel en klom derop. Se hiene al tsjim him sein: “De preek leit klear op it buordsje.”

De koster krige de preek yn ’e hannen. Hy beseach him en hy lei him wer del. Hy skodkoppe en seach de gemeente ris oer. Doe sei ien fan de âlderlingen: “Ik soe mar ris begjinne, as ik dy wie! It is al lang tiid.”

No, dêr begûn de koster: “Boeren!” Hy wachte efkes. “Boeren!” Hy wachte wer efkes.
“Jimme binne… jimme binne…”
De âlderling spatte oerein: “No! Wat binne wy dan?”
“Boeren”, begûn de koster wer, “jim binne allegear gekken! Want hoe sille jimme immen in preek lêze litte dy’t lêze noch skriuwe kin?” Er wer foel der stilte.

De boeren wiene útpraat. Mar de koster noch net hielendal. Hy fersocht de gemeente te sjongen ‘Hoe lieflijk, hoe vol heilgenot. o Heer der legerscharen God’. Hokfoar psalm dat krekt wie, wist er net, en de gemeente ek net, mar se wiene al safolle sneintemoarnen mei ‘Hoe lieflijk’ úteinset, dat it rêde him sa wol. En doe’t se útsongen wiene, sei de koster: “Amen!”  Se hiene de preek hân en de tsjerke rûn leech.

Ype Poortinga

Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.

 

maaie 9, 2020 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.