Jan Willlem Zwart: Simmer 2020

maaie 30, 2020 20:00 Fernijd

Kollum

It is simmer en it duorret net sa lang mear of de dagen koartsje al wer yn stee fan langje. It is hast midsimmer! It liket derop dat de maitiid net iens west hat dit jier. It is ynienen simmer, simmer 2020.

Yn in zoommeeting komme de mannen sûnt de koroanakrisis alle wiken byinoar. It binne mannen dy’t oer it libben prate en dat trochgeans dogge troch it jaan fan in ynlieding. De koroanakrisis hat ek guon fan harren troffen. Ien mei in eigen bedriuw en ien dy’t zzp’er is. Beide sitte se sûnder wurk en ynkommen. Der wurdt praat oer it mondiale aspekt fan koroana en dat it sa hurd gie. Der wurdt ek efkes praat oer flearmûzen en hoe’t it kin dat dy bisten firussen meidrage. De manen prate oer it kontakt mei harren neisten dat op dit stuit sa muoisum ferrint. Ek al binne der ferromme maatregels, der is net folle sosjaal kontakt. It begryp ‘yntelliginte lockdown’ wurdt yn de zoomgearkomsten wiidweidich besprutsen; sa ek it wurdt krisis. Miskien is krisis wol in oar wurdt foar feroaring, wurdt der sein.

De keardels wurde der stil fan. Zoom is net de wize dêr’t se op wend binne om mei-inoar om te gean en te praten. Mar der is wol in gefoel fan efkes yn kontakt mei-inoar te wêzen. De âldste fan de mannen freget it wurd. “Jo kinne gjin skiednis skriuwe as josels noch ûnderdiel fan dy skiednis binne”, seit dizze hast hûndertjierrige. It wurdt stiller en stiller, zoom liket mei te fielen. It is krekt as it besef der ynienen komt dat wy der noch middenyn sitte. It liket derop dat der gjin maitiid west hat en dat it ynienen simmer is.

Neipraat wurdt der net. Net efkes de dingen freegje dy’t wier fan bestjutting binne. Oer de bernsbern of gewoan oer it wurk. Net efkes in gleske wyn en wat nútsjes út in bakje. ‘It nije normaal’, wurdt der sein.

Ik pak de auto en ryd in blokje om. Ik wol derút, gewoan in oerke it fjild yn. Underweis hear ik nei de radio, ‘koroanafry nijs’, wurdt der sein. It moat net raarder wurde. Ik ryd nei de Twizelermieden en rin mei de hûn troch it fjild. It jout rêst, de loft is o sa blau. Gjin fleantugen, de fûgels hawwe yn myn eagen nea sa warber west as no. De maitiid is yn myn eagen nea sa hurd gien en it gers is as in biljertlekken sa grien…

Foto Jan Willem Zwart

It is simmer, simmer 2020 en dizze simmer sil yn de skiednis, dêr’t wy ûnderdiel fan binne, de koroanasimmer hjitte.

maaie 30, 2020 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.