Jan Willem Zwart: ‘Fryslân fan boppen’

maaie 2, 2020 20:00

Kollum

It wol mar min om yn it ritme fan it libben te kommen. Thúswurkje, bern de hiele dei thús, gjin sosjale praatsjes en net samar efkes spontaan nei in freon of âlden ta. De hiele dei efter it skerm wurkje en sels gearkomsten fan de feriening wurde jûns fia Zoom of Teams dien. Boadskippen helje is in hiele ûndernimming; in skerm tusken de kasjêres en de klanten, en kontant betelje is der net mear by. It ferrint allegearre oars as oars. Wy libje yn in oardelmetermienskip en dat hellet ús út ús ritme. Alle dagen komme der berjochten oer mear of minder covid-19-slachtoffers. Wy sitte tiisdeitejûns om sân oere foar de telefyzje om te hearren hokker kant Rutte mei ús op wol. It libben is sûnt sân wike lyn hiel oars. Gie it mei de ekonomy de lêste tiid hieltyd mear de goede kant op, no sitte wy ynienen net allinnich yn in koroanakrisis mar ek yn in ekonomyske krisis. Guon minsken sizze dat dit in perioade fan kânsen is, mar men sil de rekkens mar net betelje kinne en jins saak fertutearzjen sjen.

Yn Fryslân hat LF2028 it inisjatyf nommen om it programma ‘Fryslân fan boppen’ te meitsjen. Us eigen Fryslân troch in drone opnommen. It hellet jin letterlik efkes fan de wrâld ôf. Sabeare sweeft men boppe de ierde.

Foto Michel de Wit

Op ôfstân sykje nei werkenbere stikken, efkes út de koroanawrâld wei. Mar dat eigentlik ek wer net. Dreamendewei liket ‘Fryslân fan boppen’ net oer ússels te gean. As wiene we yn in oare wrâld, dêr’t we út ús dream wei net by kinne. Der liket ek ynteraksje te ûntstean tusken de drone en de minsken dy’t op strjitte nei boppen steane te wiuwen. Der binne wis en wrachtich noch wol werkenbere punten te sjen, mar it giet net oer wat der sjoen wurdt. It giet oer ússels. Yn it programma ‘Fryslân fan boppen’ stige wy boppe ússels út en wurde wy konfrontearre mei al it moaie dat wy hawwe, huzen, tunen, wide lânskippen en fantastyske ynfrastruktuer.

Troch sa op ôfstân nei ússels te sjen komt it besef dat wy hiel neatich binne en dat ekonomy en sûnens hielendal net sa gewoan binne. Nettsjinsteande de prachtige bylden makket ‘Fryslân fan boppen’ my fertrietlik en sjoch ik mysels tusken al dy wiuwende minsken stean. Op oardel meter ôfstân.

 

 

maaie 2, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.