Jan Schokker: Tebekfûgel

maaie 23, 2020 20:00

Kollum

It wie in prachtige jûn. De hiele dei hie it my eins wat te hjit west. Tsjintwurdich jou ik my ûnder sokke omstannichheden it leafst del yn it skaad en sa siet ik dy jûns aardich noflik yn ’e tún, ûnder myn selsmakke swarte oerkaping. Koarte broek oan, sinnebril op ’e noas – oars diene de wite knibbels my te sear oan de eagen – laptopke ûnder de fingerseinen, in fernimstich wyt wyntsje foar de greep. It like as wie it heechsimmer yn Súd-Frankryk. Fan dêr’t ik siet betocht ik doe dat ik de splinternije oerkaping fan rjochten net goed delset hie. It wie my noch te sinnich, it hie wol wat grutter kind. Hoe faak ha ik net tocht dat ik eins, om myn flaters derút te heljen, alles nochris op ’e nij bouwe kinne moatte soe.

Middeis hie ik al ris om my hinne sjoen, krekt as spûke der wat boppe-om. No is it dizze nije maitiid behoarlik drok om ús hûs, alderhande einen, reeën, iikhoarntsjes, fûgels en net te ferjitten keppels e-bike hurdfytsende âlderen, en alles hat sa syn lawaai, dat ik joech der yn earsten net safolle oandacht oan. Mar efkes letter fernaam ik wer wat ûnheimisch, krekt as flústere der in frouljuslûd my súntsjes yn ’t ear. No wie it fansels sjesa dat de wite wyn rap út de flesse ferdampte en dêr wurdt in minske gau wat oars fan. It ljocht luts nei it westen, de skimer skode Nijhoarne oer en de eachlidden klapten my út en troch ferduldich ta.

Op it dykje efter ús hûs seach ik broer syn camper oankommen. Ynienen waard ik kjel: de wite wein ried net gewoanwei foarút mar blikstienders hurd efterút! Ik soe nei de dyk ta drave om dy idioat it mannewaar op te sizzen, mar dat slagge fan gjin kant, ik rûn sels efterút. Ik stapte tebek nei myn gaadlik plakje ûnder myn o sa kreas selsmakke oerkaping, dronk myn glês fol en geat it glês net al te sunich dêrnei leech yn de flesse. De letters rûnen fan myn laptopskerm en wat der oerbleau wie it bekende aaklik leech wyt byld. Ik koe oars neat dwaan en rûn tebek it hûs yn. It iten gie wer werom op it itensboard en doe wer yn de panne. De ierappels wer op it fjoer om ôf te kuoljen en letter rôle ik se mei in meske mirakels ambachtlik wer yn de skyl. It slaad gie de kuolkast yn en sa gie it de gânse dei troch. Ik hie it besef wol, mar absolút gjin macht om dat allegearre te feroarjen. Wie der immen of eat dy’t my wat fertelle woe?

Moannen lang hie ik drok dwaande west mei it hok te ferbouwen ta in effisjint atelier en mei it meitsjen fan in gaadlike sinne-ferbliuw-oerkapping en no, no bruts ik alles net te ferklearjen ta de grûn wer ôf. Ik helle it materiaal wer op fan it stoart, sette it wer teplak, hiele kloften planken, balken en platen giene werom nei de bouhannel en de ferve stuts ik werom yn ’t blik. It foardiel wie wol dat dy bedriuwen in soad jild weromstoarten op myn rekken. Fan de oarloch ôf hie ik yn de opboufaze sitten, foar mysels en myn húshâlding, no siet ik ynienen staf-en-af yn de brekdown.

Soe dit wrachtsjes weromgean oant myn berte, frege ik my ôf. Dat soe nijsgjirrich wêze! It moaie soe oars dan wol wêze dat ik wer wille ha soe mei it moetsjen fan nije frisse kontakten en it alle kearen wer op ’e nij meitsjen fan in better begjin. Alhoewol? Ik hie nochal wat drokte hân en switdripkes litten om de jierren troch sa âld te wurden en soe ik dan werklik wer op ’e nij begjinne wolle?

It tebekgean gie wiken troch en ik koe der neat tsjinyn bringe. It wie begjin maart doe’t ik yn ’e moarntiid de poerkes, de betonnen blokken ûnder de steanders, út de grûn helle yn de ferwachting dat ik dy ek werombringe soe nei de stienhannel, doe’t it hommels en dwers begûn te tongerjen. Teminsten, dat tocht ik. Ynienen wie der in flits wyt ljocht. Ik leaude myn eagen net en moast hiel goed sjen: der stie samar in moai froutsje deun foar my. Se hie gjin klean oan, mar se wie ek net bleat. Krekt as hie se in jas mei blêden oan, hielendal yn ’t wyt wie se. Net grut, miskien sa’n tritich sintimeter lang.

‘Hé Jan, niis woesto neat sizze, krekt foar’t ik de tiid foar dy yn de efterút sette.’
‘Wa of wat bisto? Dream ik?’ frege ik ferbjustere.
‘De iene neamt my in ingel, in oare in ferskriklike nachtmerje, mar miskien bin ik dyn gewisse.’
Doe waard ik lilk: ‘Do nuvere wite heks! Sjochst wol watsto dien hast? Alles wat ik yn myn libben faaks wat bryk mar wol tûk opboud hie brek ik blikstiender no sels mei eigen hannen wer ôf!’
‘Do moatst wat mear tefreden wêze, jongkeardel’ sei se. ‘Wolst werklik wer op ’e nij begjinne of wolst no werom nei normaal?’
Ik suchte djip. ‘Wer tebek nei doe’t de boel hielendal klear wie. Asjebleaft!’

Doe wie it ‘plop’ en siet ik wer ûnder myn moai skaadzjend ôfdakje. Yn it lêste hoekje sinne miende ik in wite fûgel te sjen dy’t as de reek mei brede wjokken fuortfleach.

maaie 23, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.