It Oardelskonkje: in nije dichtfoarm yn krisistiid

maaie 3, 2020 09:51

Foto: Geart Tigchelaar

No’t reizgjen der foarearst net yn sit, binne wy allegearre reizgers op oardel skonk wurden, tocht Syds Wiersma fan Frysk Dichterskollektyf RIXT. Sa is de nije dichtfoarm ûntstien dy’t by in oardelmeter-mienskip past: it Oardelskonkje. Tongersdei 30 april is it publisearre by it dichterskollektyf.

As de koroanakrisis der net west hie, reizge Wiersma no troch Ierlân om in dichtbondel ôf te skriuwen. ‘Wy binne reizgers op oardel skonk wurden’, neffens Wiersma. Lykwols hoecht men net fier te reizgjen: thús kin men ek nije ûnderfinings opdwaan, mei poëzij.

It Oardelskonkje is in krisisfariant fan de haikû. It Oardelskonkje telt 15 wurden ferdield oer twa strofen. De earste strofe hat tsien wurden en de twadde strofe fiif. Getalsmjittich en fisueel is it in oardel (1,5) skonk. De foarm is frij foar de dichter, al wurket neffens Wiersma in ‘chute’ (in feroaring fan rjochting) tusken de twa strofen tige goed. Oardelskonkjes kinne ek oaninoar reaun wurde, lykas haikûs.

Foarbyld fan in Oardelskonkje:

ûntdekst fan alles yn karantêne
bygelyks dat útbloeide tulpen
mear mei dy dogge
as bloeiende

Syds Wiersma ©

RIXT nûget elk út om mei de nije foarm oan de slach en eigen Oardelskonkjes yn te stjoeren (redaksje@rixt.frl). De redaksje fan RIXT siket de moaiste Oardelskonkjes út foar publikaasje op 15 maaie, dat ta de gelegenheid útroppen is ta de Oardelskonkedei.

maaie 3, 2020 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.