It Nijs giet troch mei digitale oertinkingen

maaie 30, 2020 10:58

Easterbierrum, Sint-Joaristsjerke (foto Wikimedia Commons © Michiel Verbeek)

Doe’t de koroanamaatregels it hâlden fan tsjerketsjinsten foarearst ûnmooglik makken, naam It Nijs it inisjatyf en publisearje alle sneinen in Frysktalige meditaasje. It foarnimmen wie om dat fan de Peaske oant en mei de Pinkster te dwaan. Foargongers fan ferskillende tsjerklike rjochtingen wiene daliks ree om dêroan mei te wurkjen.

De redaksje hat ûnderwilens besletten om dermei troch te gean, ek as fan takomme wike ôf de oerheidsmaatregels ferromme wurde. Alle sneinen is der dus yn de rubryk Opniny in oertinking te finen.

Op Pinkstermoandei is yn dy rubryk in artikel te finen mei ûnderfiningen en suggestjes hoe’t krekt mei de Pinkster it fakânsjehâlden en it tsjerkegean inoar posityf beynfloedzje kinne.

De oertinkingen dy’t al publisearre binne, binne maklik werom te finen troch yn de rige trefwurden ûnder it Nijs-logo op Mienskip te klikken en dêrnei op Spiritueel.

maaie 30, 2020 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.