It Eurovisie Songfestival ‘Mei Douwe’ en Arno Brok

maaie 16, 2020 10:48

Dizze wike soe it Eurovisie Songfestival yn Rotterdam holden wurde. De stêd en de leafhawwers wiene der al hielendal klear foar, mar spitigernôch koe ek dit evenemint net trochgean. Yn in spesjale útstjoering fan it radioprogramma ‘Mei Douwe’ sjocht Douwe Heeringa werom nei oare edysjes, tegearre mei kommissaris fan de Kening Arno Brok. Brok is sjongfestivalkenner en leafhawwer en as ‘pleister op it sear’ sil er snein oanskowe by ‘Mei Douwe’.

Foto: Omrop Fryslân

De harkers wurde meinommen op in reis troch de tiid. Sa komme de klassikers foarby, de moaiste nûmers ea makke en ek anekdoaten. Brok fynt dat in moai alternatyf no’t it Eurovisie Songfestival sels net trochgean kin.

It Eurovisie Songfestival troch de jierren hinne, is op snein 17 maaie fan 9.00 oant 11.00 oere op de radio te beharkjen, en is dêrnei ek online te finen op Omropfryslan.nl/programma/mei-douwe.

maaie 16, 2020 10:48
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne Hoekstra maaie 18, 08:38

    Nei de alternative show Shine A Light fernuverje ik my dat it festival net trochgie. It draait net om it feestje yn Rotterdam mar om de telefyzjesjoggers. Yn plak fan mar in heale minút sjen te litten fan elk ferske folge troch wat ôfwaaid praat fan de artysten, hienen de fideo’s krektlikegoed folslein fertoand wurde kinnen mei dêrnei de stimmerij. De Europeeske útstjoerorganisaasje EBU bliuwt noch tefolle op de bewende paden. Alteast fan it lêste skoft, want it festival waard yn de earste desenniums sûnder in sealfol publyk opnaam. Ankom jier sil dat likegoed wer moatte, as der dan noch gjin koroanafaksin is en dy kâns is grut.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.