Hûndertjierrige Britske feteraan Tom Moore wurdt riddere
Resint ferskynd
De Britske oarlochsfeteraan Tom Moore wurdt riddere fanwegen syn ynspannings om jild yn te sammeljen foar de Britske sûnenssoarch yn de koroanakrisis. De hûndertjierrige ‘Captain Tom’ dy’t rûntsjes yn syn tún rûn om jild yn te sammeljen, waard in nasjonale held yn Grut-Brittannië. De ûnderskieding sil útrikt wurde troch de Britske keninginne Elizabeth.
It oarspronklike doel fan Moore wie om foar syn hûndertste jierdei tûzen pûn op te heljen. Dy teller stiet ûnderwilens op 32,8 miljoen pûn (36,8 miljoen euro). Ta eare fan syn jierdei fleagen fleantugen fan de Britske loftmacht oer syn hûs en krige Moore de earetitel fan kolonel.
“Kolonel Toms fantastyske fûnsewinning hat rekôrs brutsen, it hiele lân ynspirearre en ús in bytsje ljocht jûn yn ’e dize fan it koroanafirus”, sei premier Boris Johnson. “Ut namme fan elkenien dy’t rekke is troch dit geweldige ferhaal, wol ik in tankwurd útsprekke.”
Moore krige foar syn hûndertste jierdei 125.000 kaartsjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje