Hilda Talsma skriuwt Frysk kadoboek 2021

maaie 31, 2020 08:53 Fernijd

Hilda Talsma (foto: Siska Kroondijk)

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten sil it Fryske kadoboek 2021 skriuwe. Yn 2011 ferskynde har earste roman De Twadde Hûd. Koartlyn ferskynde har njoggende roman De Onnie’s en it hynstebal (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek Slangen ûnder it bêd en it lêste diel fan de Wyn-trilogy Wyn fan de winners. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek columnist by Omrop Fryslân.

Hilda Talsma oer it kadoboek 2021: ‘De Fryske taal is foar my al in kado op himsels. Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan.’ It boek ferskynt op 6 maart, oan it begjin fan de Boekewike. Troch gearwurkjen fan de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt dan ek it nasjonale boekewikegeskink fan de jonge auteur Hanna Bervoets yn it Frysk.
Hilda Talsma jout op it Boekefeest in optreden mei in tal oare Fryske skriuwers. Nei it Boekefeest sille oant en mei 27 maart 2021 rûnom yn de provinsje optredens fan dizze skriuwers organisearre wurde.

It kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en wurdt yn 2021 útjûn troch útjouwerij Elikser.

maaie 31, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.