Het Filiaal theatermakers belibbet online premjêre by Sydney Opera House

maaie 8, 2020 08:54

Sûnt koart stiet de Ingelsktalige foarstelling The Great Illusionist fan Het Filiaal theatermakers online op de webside fan Sydney Opera House yn Australië.

Het Filiaal theatermakers (foto: Joris van Bennekom)

Net allinnich yn Nederlân biede kulturele ynstânsjes yn dizze tiid harren foarstellings en edukatyf materiaal online oan foar it publyk. Sa ek it renomearre Sydney Opera House (SOH) yn Australië, dat kultuerleafhawwers in folslein online programma oanbiedt. It hat no ek in foarstelling selektearre fan it Utertske selskip Het Filiaal theatermakers, dy’t woansdei online gien is.

It selskip út Utert spilet net allinnich yn teaters yn Nederlân, mar oer de hiele wrâld. Der is tastimming jûn om The Great Illusionist gaadlik te meitsjen foar dôven en minsken dy’t min hearre. Der komt no ek in ferzje mei in AUSLAN gebeartetolk. Dat past goed yn it belied dat it selskip sels al ynset hie me Back to Oz, dêr’t sawol yn spile waard mei gebeartetolk as mei audiodeskripsje.

Het Filiaal teatermakkers (foto: Joris van Bennekom)

De wrâld fan yllúzje en magy
De Grote Illustionist is in magyske muzykteäterproduksje en barst fan de ferhalen, smeudige trúks en livemuzyk. It giet oer in lytse jonge dy’t graach ferdwine wol, al wit er net goed wêrom. Der is in knyn dy’t fan dramatyk hâldt en himsels yn ’e grym set. Der is in assistinte dy’t har fassinearre meifiere lit yn de wrâld fan it grutte spektakel en nea applaus kriget. Yn in wrâld dêr’t de yllúzje it heechste wurd fiert, is altyd wat te belibjen.

Het Filiaal theatermakers liet him ynspirearje troch prachtige anekdoates fan de grutte masters lykas Ricky Jay, Chung Ling Soo en Tommy Cooper. Ramses Graus (objektteätermakker en akteur by HFt) gie yn ’e lear by gûcheler Ronald Moray en wûn in Gouden Krekel foar de ymposantste poadiumprestaasje. Hy wurdt by syn útfierings assistearre troch aktrise Henke Tuinstra (de heks yn Back to Oz) en Gábor Tarján (komponist, muzikant en akteur). Monique Corvers fiert de rezjy en bringt mei har hilarysk en swiermoedich oersette liettekst ek de kearside fan de magy oan it ljocht.

Mear thústeäter
Neist de online foarstelling The Great Illusionist is fia de Nederlânske online oanbieder TheaterFlix de foarstelling Falling Dreams te sjen. Dy giet oer dreamen en dat is in tapaslik ûnderwerp yn dizze tiid, dêr’t in protte minsken faker en nuverder yn lykje te dreamen. Oanslutend oan de thúsfoarstelling binne der ynspirearjende thúsopdrachten beskikber.

Thúsfoarstellings fan Het Filiaal teatermakkers no online te sjen:
The Great Illusionist
Fallling Dreams mei opdrachten foar thús
Ynspirearjende dochaktiviteiten foar thús en online lesmateriaal

maaie 8, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.