Henk Wolf: Rintmasterskip

maaie 24, 2020 17:42

It deistich bestean is al in pear moanne aardich yn ûnstjoer. Dat is by my net oars. Alderearst is der fansels de noed oer it firus: it sil doch net ien treffe dy’t my leaf is? En dan komme de berjochten fan kunde dy’t siik is en fan oare kunde dy’t neisten kwytrekke is. En it libben stiet ynienen op ‘e kop: kolleezjejaan achter de kompjûter wei, allegear lang plende wichtige ôfspraken ferfalle, jo witte net wat de takomst ekonomysk bringe sil.

Der is ek soarch oer de polityk. It besef dat in soad frijheden doch geunsten binne en gjin rjochten hat der by my aardich yn huft. Fan ‘e iene op ‘e oare dei kinne je in strafblêd krije foar in praatsje mei de buorman. Jo meie yn jo eigen saak jo berop net útfiere. Us folksfertjintwurdigers kinne har wurk net dwaan, de oerheid regearret fia advizen en needferoarderings – en dat wurdt allegear dien sûnder dat yn it foar dúdlik is wat de kosten binne en oft dy wol tsjin de baten opwage.

En dan is der argewaasje. Want de oerheid blykt lang net sa’n ûnmachtich orgaan te wêzen as dat er it lang foarkomme litten hat. Koroana deadet in oanpart fan ‘e befolking dat net yn prosinten, sels net yn promillaazjes, mar yn tsientûzensten útdrukt wurde moat. Wilens wankt der in klimaatferoaring dy’t folle gefaarliker is. Plante- en bistesoarten stjerre op ûngekende skaal út. En dêr hat de oerheid gjin fleantúch om stilset.

En om by de oerdracht fan ús skatten oan folgjende generaasjes te bliuwen: de soarch foar it Frysk hie dus in stik effektiver kinnen. Skoallen kinne dus fan de iene op ‘e oare dei troch de oerheid sletten wurde, ek al hat dat neffens it RIVM gjin doel. Mar yn diskusjes oer it Frysk op skoalle wie it kredo altyd: skoallen binne autonoom, dy kinne wy net twinge. En de ynspeksje woe in pear ferlyn net straffe as skoallen te min oan it Frysk dienen. In ferbettertrajekt foar it fak Frysk duorre oan 2030 ta. Neat, mar dan ek helendal neat spruts fan urginsje of trochpak.

As de oerheid yn syn funksje fan rintmaster ek mar heal safolle trochpak sjen litten hie as dat er no yn syn funksje as krisismanager docht, dan hie ik der folle gerêster op west dat de folgjende generaasjes op ús stikje ierde noch alle fûgellûden en minsklike tongslaggen hearre kinne dy’t der troch de tiid hinne mei ferbûn rekke binne.

maaie 24, 2020 17:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. simen de jong maaie 27, 10:55

    Henk, Tank foar dyn paslik stik oer it Rintmasterskip fan de Oerheid. Wier en spitich, beskamme troch it deistich keal regear sûnder keunsten…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.