Henk Wolf: Regel, rigel, rigele, rige

maaie 19, 2020 22:45

Troch Henk Wolf

Wannear seist no rigel en wannear regel yn it Frysk, sa fregen in pear studinten my lêsten. Se wienen de earsten net mei dy fraach, blykber is der by Frysktaligen ûnwissichheid oer it gebrûk, dat ik skriuw der mar in stikje oer dat elk lêze kin.

Regel / rigel

Yn de betsjuttingen ‘foarskrift’, ‘ferplichting’ en ‘gewoante’ is regel yn it Frysk de gewoane foarm. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout dêr gjin njonkenfoarm rigel, ek net yn de foarbyldsinnen. Yn it Frysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk wurdt yn dy betsjutting allinnich regel neamd, net rigel. Yn it diel Frysk-Nederlânsk stiet by rigel de neamde betsjutting ek net. Doch hear ik om my hinne wolris ien sizzen dat der wat ‘tsjin de rigels’ is. It Frysk Hânwurdboek neamt it wurd wol yn dy betsjutting, mar seit derby dat it ûngebrûklik is. De Afûk hat yn syn learmateriaal in dúdlike regel: yn de neamde betsjuttingen is rigel ferkeard en regel goed.

Yn de betsjutting ‘line’, ‘streek’ is rigel de gewoane foarm. Ik leau net dat ik yn dy sin de foarm regel oait tsjinkaam bin en yn de neislachwurken kin ik dat gebrûk ek net fine. De Afûk hat der ek wer in dúdlike regel foar: yn de neamde betsjuttingen is rigel goed en regel ferkeard.

Oarsprong

It wurd regel ha wy nei alle gedachten út it Latyn liend, dêr’t it de foarm regula hie. It wurd richel hat deselde oarsprong.

Wêr’t rigel wei komt, is net dúdlik. It kin wêze dat it besibbe is oan riigje (riuwe) en rige, mar it kin ek wêze dat betsjuttingen fan it Latynske regula troch betizing keppele binne oan rigel.

Minsken (of bisten of dingen) dy’t achterinoar of neistinoar steane, wurde yn it Frysk wol rige, rigel of rigele neamd. Nei alle gedachten ha dy deselde oarsprong as it hjirboppe neamde rigel, mei ‘line’ as mienskiplike betsjutting. In rige minsken foarmet ommers ek in streek, as men der fan út de fierte nei sjocht.

Oare wurden dy’t nei alle gedachten deselde oarsprong ha as rigel, binne it Nederlânske rij en it Dútske Riegel (‘skoattel’, ommers ek in streekfoarmich ding). Nijsgjirrich is fierder noch om te neamen dat in liniaal yn it Frysk yn it ferline ek wol in rij neamd waard. En ‘liniaal’ is ek wer de oarspronklike betsjutting fan it Latynske regula.

maaie 19, 2020 22:45
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Harrie Van Oorschot maaie 20, 10:09

    Rigel ha ik noch nea heard, mar rige fansels wol. Bedankt foar de ynformaasje!

  2. Sjoerdtsje Paulusma maaie 20, 20:50

    In rigel skriuwst yn dyn stikje of dyn brief, in skreaune rigel dus. En in rigel(e) kin ek in rij wêze, ‘in hiele rigele bern’
    In regel is in foarskrift of in gewoante ” wy hawwe as regel dat we moarns om 8 oere fan ‘t bêd komme’,
    en fansels hawwe wy ússels ek hiel wat regels oplein,
    tink allinne mar oan de tiid dêr’t we no yn libje

  3. LB maaie 21, 13:08

    Ja krekt. En rij betsjut ‘fergriemend’ (verkwistend). No sa.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.