Henk Wolf: “In wenfoarsjenning foar minsken mei demintens”

maaie 31, 2020 17:58

Dy’t geef Frysk prate of skriuwe wol, komt in ein as er in pear learboeken opslacht. Sa’n ien sei oars miskien sleutel, mar leart dat er yn geef Frysk kaai brûke moat. Benammen de jeugd soe de tiidwurden spontaan miskien sa hawwe opskreaun en leart út it boek dat it pas goed is as men se sa opskreaun hat. Ien soe spontaan miskien wrakselje mei de taal en dan mar feiligensbril opskriuwe, mar de boeken leare dat dat net doocht en dat feilichheidsbril helte better Frysk is. Yn de útspraak kin men jin ek ferbetterje: net tied, mar tiid sizze, mei in tongpunt-r prate en net mei in hûch-r. En op it stik fan ‘e betsjutting is der ek wat te learen: de buorkerij is yn geef Frysk in bedriuw, net in gebou.

Sa haw ik in protte ûnderdielen fan it taalsysteem neamd: de wurdskat, de sinlear, de wurdlear, de lûdlear en de betsjuttingslear. Dêr is it lykwols net mei ôfmakke. Sa ûntbrekt ûnder mear de saneamde pragmatyk, in diel fan it taalsysteem dêr’t ik net in ferfryske of fernederlânske namme foar wit. Yn de pragmatyk sitte alle regels dy’t útmeitsje oft yn prinsipe korrekte uteringen yn in beskate situaasje wol passend binne.

Pragmatyk

Om te yllustrearjen wat pragmatyske regels binne: “Jou my in blomkoal!” is in goede Fryske sin, mar hy is lang net altyd passend. As jo dy sin tsjin ‘e grienteman sizze, sil er jo op syn minst foar in ûnfetsoenlike klant hâlde en de kâns bestiet dat er jo sûnder blomkoal syn saak út stjoert. En wylst “Ik haw in segway, witst wol, sa’n elektrysk weintsje mei twa tsjellen” frij gewoan heart, is “Ik haw in auto, witst wol, sa’n benzinewein op fjouwer tsjellen” net passend, omdat yn Fryslân elk wol wit wat in auto is

It is net sa dat der yn learboekjes foar geef Frysk helendal gjin omtinken foar pragmatyk is. Yn it boekje Foar de taalspegel is der sels in haadstikje wijd oan pragmatyske hollandismen yn it Frysk. Doch krijt de pragmatyk net in soad omtinken. It moderne Afûk-materiaal docht der sa goed as neat oan. Dat is wol spitich, want op in beskate manier jout de pragmatyk fan alle ûnderdielen fan it taalsysteem it dúdlikst de geast fan ‘e taalmienskip wer.

Letterlik oerset amtlik Nederlânskalich proaza

Hoe kom ik dêrop? No, ik kaam koartlyn op de website fan Omrop Fryslân de formulearring “in wenfoarsjenning foar minsken mei demintens” tsjin. Sa’n formulearring steurt my wol wat, yn alle gefallen folle mear as dat ien ris sleutel seit of de tiidwurden omdraait.

Wêrom? No, sleutel en hawwe opskreaun komme út de folkstaal, moderne folkstaal dy’t sterk troch it Nederlânsk beynfloede is, dat is wier, mar der sit wat earliks yn. “in wenfoarsjenning foar minsken mei demintens” is gjin Frysk. Sa prate ús beppe net, sa praat de buorfrou net, sa praat de jeugd yn ‘e kantine net. Sa praat hast net ien. It is Nederlânsk mei in Frysk jaske oan.

En mear as sa’n sleutel of fan dy omdraaide tiidwurden lit “in wenfoarsjenning foar minsken mei demintens” sjen dat de skriuwer op in Nederlânske manier tocht – sterker noch, op in amtlike Nederlânske manier, neffens de polityk-korrekte moade fan no, dy’t oer in pear jier nei alle gedachten wer oare regels hat. Sa tinke en prate minsken dy’t alle dagen mei amtlik Nederlânsktalich proaza omgeane, út de Fryske taalmienskip komt soks net. Sterker noch: wa’t sa skriuwt, hellet trije wichtige arguminten foar de emansipaasje fan it Frysk ûnderút: dat it gebrûk fan it Frysk foar mear eigenheid soargje soe, dat it brûken fan it Frysk bydraacht oan it behâld fan in folkskultuer en dat de Fryske skriuwtaal in histoaryske kulturele skat wêze soe.

Wat sizze Friezen?

Wat soe beppe sein ha? Dy soe in wenfoarsjenning gewoan in hûs of in gebou neame, nei de foarm derfan miskien in fletgebou, neffens de funksje derfan miskien in rêsthûs of in fersoargingstehûs of in ferpleechhûs. En neffens my soe de Fryske jeugd yn ‘e kantine it net botte oars dwaan. Demintens is ek net gewoan: je binne demint of je komme yn ‘e (twadde) bernskens, mar it is raar om der in syktenamme fan te meitsjen. It neamde gebou wenje fierders (hast) allinnich mar âlden fan dagen yn en soks sizze je der meastal by.

Dêr moat in bytsje Frysktalige redakteur doch wat fan meitsje kinne dat net heart as is it troch in kompjûter ien-op-ien út in Nederlânsktalich parseberjocht oerset?

maaie 31, 2020 17:58
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Feanwâldpyk juny 3, 12:53

    Ik sprek “komt in ein as er in pear learboeken opslacht” út as /komt in ein otter in pear learboeken opslat/ en ik skriuw dan ek “komt in ein as’t er in pear learboeken opslacht”.

  2. Lb juny 5, 12:56

    Der is wol ferskil tusken ‘ozzer’ en ‘otter’ Feanwâldpyk. Ozzer = as er en otter = oft er en oft der. Jaja, yngewikkeld taaltsje dat Frysk.

  3. Lb juny 5, 13:09

    Foarbyldsin: Ik wit net OFT DER hjoed in postrinner komt, mar AS ER komt dan wit ik nóch net OFT ER wol wat foar my hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.