Henk Wolf: Yn geef Frysk oer sykten prate

maaie 4, 2020 12:58

Troch Henk Wolf

De Fryske media skriuwe op ‘t heden fansels in protte oer it coronafirus en de sykte covid-19. Opfallend is dat de twa grutte Frysktalige nijsmedia de namme fan it firus ferskillend skriuwe: Omrop Fryslân brûkt coronafirus en It Nijs brûkt de ferfryske foarm koroanafirus. De Fryske Akademy hat him oer dy kwestje útsprutsen: beide foarmen binne te ferdigenjen en de Akademy advisearret koroanafirus.

In protte fariaasje yn it wurdgebrûk is der net. Doch lient it Frysk him dêr goed foar. Ik wol hjir ris wat taaleigen oanhelje dat mooglik gaadlik is foar ferslachjouwing yn dizze tiden.

Sykte
Covid-19 is in sykte. Dat is in treflik Frysk wurd, mar der binne mear mei deselde betsjutting. In gebrûklik alternatyf is krupsje (fan it Frânske corruption). Dêrneist kin men ek sizze: kwaalsjocht, sjochte, sjochtme, krankens, pok of pôk.

Pandemy
In pandemy is in sykte dêr’t rûnom op ‘e wrâld in protte minsken mei oanhelle binne. Wreidet er wat minder, dan is sa’n sykte in epidemy. Yn it Frysk hyt soks ek wol in goarre of in gibe, in pest of in pleach. Sa’n sykte giet om, hy docht in trochtocht.

Longsykte
Wol men it yn ‘e taal fan ‘e medisy sizze, dan is covid-19 in sykte fan de luchtwegen. Min Frysk is dat net, mar folkstaal fansels likemin. As in krupsje oan ‘e pûster komt, dan kin men dy krupsje ek trûs of trudze neame. Ik bin yn it Frysk al de Sineeske trudze foar covid-19 tsjinkaam. Goartigens is ek in mooglikheid, al ferwiisde dy namme yn it ferline foaral nei feesykten. Dy’t mei in longsykte oanhelle is, is sels goartich. Men kin ek sizze dat er it oan ‘e pûster hat of oan ‘e longen. It sykheljen wol dan net rjocht en men moat hoastjekochelje, troch nearboarstigens smûge en yn slimme gefallen sels bloedspuie.

Ald en te swier
Fierwei de measte minsken dy’t troch it coronafirus yn it sikehûs bedarje, binne âlden fan dagen – âlde of âldachtige minsken dus. Dy wurden kin men wol yn it meartal brûke, mar ‘in âlde frou’ of ‘in âlde man’ waard yn it Frysk fanâlds net faak brûkt foar wa’t op jierren wie. Dat wie in âldminske of in âldman. Neffens guon media binne in soad fan ‘e slim sike pasjinten te swier. Dy binne grou of dûbel(d).

Firus
It coronafirus (koronafirus, koroanafirus) is in firus, dat is dúdlik en it Frysk hat net in oar wurd dat presys itselde dinkje oantsjut, mar der binne wol folle mear wurden foar siikmeitsjende dinkjes yn it algemien (firussen, baktearjes, skimmels ensfh.): syktekymsmetsied en basil of baksil, al sil in biolooch sizze dat dat eins allinnich baktearjes fan in beskaat type binne. Mar dêr lûkt de folksmûle him neat fan oan: dy neamt in beskate mies ek blokfink en in beskaat sûchdier sels walfisk.

Pasjint
As ien covid-19 of in oare sykte hat, dan is er pasjint. Dat is in ferbastering fan it Frânske patient, dat lijer betsjut, in wurd dat yn it Frysk ek wol yn gebrûk wie. Sa’n ien is in sike. Ien dy’t in oar besmette koe, waard earder ek wol baksilledrager neamd. Soms kin men sjen dat ien wat ûnder de lea hat, want dan tekenet er: dan kin men oan him sjen dat er net rjocht halich is.

Siik wêze
O sa gebrûklik wie it lykwols net om fan pasjinten en sa mear te praten. Yn it Frysk sei men folle faker dat ien wat skipe hie, mei in sykte oanhelle wie, of dat er in sykte hie of mei in sykte lei. Wie dy sykte slim, dan koe men ek sizze dat de sykte yn ien siet of dat ien de krupsje yn hie. Dy moast der dan út of ien moast him ôfnimme. Dat wie dan fansels de dokter.

Genêze
In dokter, earder ek wol master, kin in pasjint genêze of better meitsje of sûn meitsje. Hy kin dy pasjint ek heelje (of hielje of heulje, ôfhinklik fan it dialekt dat men brûkt). Dokter kin de krupsje bestride en dy op ‘t lêst hooplik genêze.  Ien dy’t sels in pôk yn hat, moat de sykte ferwinnefan de krupsje genêze, wer better wurde, wer sûn wurde en dan opbetterje of betterje, opkomme of bykomme. Dan is er net fuort wer by it spul, nei in swier siikbêd of sikeleger moat er him earst ferhelje en opknappeopkomme of opklearje. Fansels kin in sike ek heelje (hieljeheulje). Is it in knikkert op ‘e kant, hat de pasjint de lytse dea sjoen, hat dokter him foar de dea weiskuord (weihelle), dan hat er it krekt helleit fier helle, it op ‘e dea ôf helleit op it naadsje ôf helle, hy is dertroch skuord. De krupsje koe sels ek betterje, opbetterje, oerbetterje en fansels ek oergean.

Medisinen
Medisinen binne middels om wer better te wurden. It wurd medikaminten wurdt ek wol brûkt en men kin ek in medikamint krije. Guod fan dokter is fansels ek mooglik, krekt as in middel. Dat krijt men tsjin de kwaal of (en dat is de foarm dy’t de Afûk yn syn learboeken foarskriuwt) foar de kwaal. It brûken fan medisinen hyt ek wol masterje of dokterje. Guon siken masterje en plasterje, dan brûke se in ûnbidich soad genêsmiddels. Faaks is der ek trûspoeier (middel foar krupsjes oan ‘e pûster) by.

Sikehûs
Yn it sikehûs of sikenhûs (of -hús, fansels) moatte pasjinten mei it coronafirus yn karantêne (fan it Frânske wurd quarante foar ‘fjirtich’: it tal dagen dat skippen út fiere lannen yn it ferline foar de kust lizzen bliuwe moasten foardat de bemanning fan board komme mocht). Se sitte yn dy tiid opbûn op har sikekeamer. Wol it sykheljen net mear sa goed, dan moatte se beäzeme of beämme wurdelucht krije dus. Dêrfoar moatte se oan ‘e slangen.

Ymmún
Foar guon krupsjes jildt: as men se ien kear hân hat, krijt men se net wer. Dan is men ymmún. In dokter kin ien mei in faksin of faksinaasje ek minymsterje (ymmún meitsje) sûnder dat er siik wurde hoecht.

Ferstjerre
Op papier is elke deade yn it Frysk langer stoarn of ferstoarn. Yn ‘e sprektaal is er neffens Nederlânsk gebrûk meast overleden. Fanâlds wie ien meast gewoan dea. Dan wie it mei him dienIt libben wie derútHy wie út ‘e tiid. Hy wie wei of hjirwei. En as er noch yn it stjerren lei of as wol dúdlik wie dat er net wer better koe, dan sei men: it siket om it lêste, (of om ‘e ein), der is gjin ferwin op, hy moat hjirwei.

Ik ha grif noch in soad relevante wurden net neamd. Dy’t mear wit, moat mar moai oanfolje.

maaie 4, 2020 12:58
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. Liuwe H. Westra maaie 4, 18:20

    Moai stikje, Henk! Al is neffens my de foarm ‘sikenhûs’ net korrekt. En foar ‘goarre’ brûkten wy thús steefêst ‘jacht’. As de kwaal jin danich yn ’e besnijing hat, kin men soms aardich ôfklaaid wêze. In gefaarlike of bedriigjende krupsje is in ‘boaze’ sykte, of by kanker ‘ferkeard spul’. As lêste: as it mei de sike net klearkomt (of de persoan is hoe dan ek op ’e ein fan syn Latyn), dan rûkt er nei de lodde. Dan wurdt it tiid om de teannen omheech te stekken.

  2. Henk Wolf maaie 4, 20:17

    Prachtige oanfollingen fan Liuwe Westra! Hooplik ûntstiet hjir mei sokke reaksjes in moai databankje fan syktewurden.

    Wat de foarm ‘sikenhûs’ oanbelanget: dy is neffens de Afûk net korrekt en foar it gemak lear ik it de studinten sa ek mar, mar eins fersimpelje wy de werklikheid dêrmei sa bot dat wy de taalwerklikheid ûnrjocht dogge.

    De tuskenklank is -[(ə)n]- is yn it Frysk seldsum, mar hy bestiet wol. ‘Sikenhûs’ is al heel lang in fariant neist ‘sikehûs’. Under it lemma ‘sikehûs’ yn it Wurdboek fan de Fryske Taal wurdt er ek gewoan as fariant neamd.

    Der binne noch wol mear Fryske wurden mei -[(ə)n]- as ferbiningsstikje. Tink oan ‘sûpenbrij’, ‘boekenbeam’ en ‘Friezenaard’. Net elk sil se brûke, mar der binne genôch foarbylden fan oerlevere om feilich sizze te kinnen dat se diel útmeitsje fan de Fryske wurdskat.

  3. Reitze Jonkman maaie 8, 10:59

    Us heit hie it oer ‘ferkeard guod’ as it om K. gong. As it om swier sykheljen giet, wat ek mei it kroanfirus út te stean hat, hie dokter it oer ‘[iepen’, mar ‘smûge’ sei wat mear.

    PS Is der foar ‘Krij de klean!’ ek in moaie Fryske útdrukking?

  4. Henk Wolf maaie 8, 11:34

    Ha Reitze,

    Dy spesifike betsjutting fan ‘ferkeard’ is wol nijsgjirrich, ik bin it al yn allegear kombinaasje tsjinkaam en it ferwiist noait nei corona of AIDS of hertklachten. It is neffens my de iennichste sykte dy’t faak net by namme neamd wurdt.

    Yn it rychje ‘Krij de …’ sjit my ‘Krij de pip!’ en ‘Krij it hin-en-wer!’ yn it sin. En dan hast fansels noch de pleuris en de tyfus dy’tst ien tawinskje kinst ast him fuort ha wolst.

    Mei deselde pragmatyske funksje hast ek: ‘Rin hinne!’, ‘Rin te skiten!’, ‘Rin nei de pomp en sûp wetter!’, ‘Rin nei de duvel!’, ‘Skyt in ein omheech!’, ‘Pak op!’, ‘Jou dy ôf!’, ‘Wurd wei!’, ‘Opsokkebalje!’, ‘Flean rûn!’, ‘Barst doch!’, ‘Plof do!’ en ik ferjit no grif noch in pear farianten.

  5. Cor Jousma maaie 9, 12:05

    Bêste Liuwe,

    Henk hâldt net fan staveringsregels! Benammen net as dy troch oaren – Akademy en AFUK – oplein binne. En dan moat hy de nije masters en juffers foar de basisskoallen op it goede spoar sette… Der sil grif wol earne in stavering ‘sikenhûs’ te finen wêze, mar moatte jo no altiten JO gelyk sykje?

  6. Henk maaie 9, 13:52

    Cor, as ik staveringsregels útlizze moat, dan doch ik dat neffens de easken fan myn opdrachtjouwer. Dy nije masters en juffen sitte presys op it spoar dêr’tsto se ha wolst. Dat kinst maklik neigean: de staveringsfilmkes dy’t de Afûk en de pabo’s brûke, binne rûnom op it www te finen, hjir op It Nijs binne se ek al in pear kear pleatst.

    Yn myn stikje haw ik it lykwols net ien kear oer stavering. Dat ûnderwerp komt dêr simpelwei net yn oan bod. It tekstje giet oer de wurdskat fan it Frysk.

    Alle Nederlânsktaligen sizze ‘boekekast’ – of wat korrekter noch: [bukəkast]. Yn dat wurd sit de klank [ə] (‘sjwa’ of ‘stomme e’ of ‘toanleaze fokaal’ of ‘reduksjefokaal’ of ‘ûnbeklamme uh-klankje’). Dy klank makket diel út fan de Nederlânske taal. By it werjaan fan de taal op skrift, it staverjen, moat er yn it wurd [bukəkast] skreaun wurde as -en-.

    Dyselde klank wurdt yn oare Nederlânske wurden wer oars skreaun: yn ‘aardig’ skriuwe wy him as -i-, yn ‘een huis’ as ‘ee’, yn ‘vrolijk’ as -ij- en yn ‘aarde’ as -e-.

    De Fryske taal hat dy klank [ə] ek. Dy wurdt soms skreaun as -e- (‘ierde’), soms as -i- (‘aardich’, ‘in hûs’), mar noait as -en-. Dêrom hat it Frysk gjin ‘hûnenhok’, ‘boekenplanke’ en sa mear. Dat stiet de Fryske stavering net ta: dy fan 2015 net, dy fan 1980 net en dy fan dêrfoar ek net.

    Wat by it staverjen fan it Frysk (dus it omsetten fan de klanken fan de Fryske taal nei letters op papier) lykwols in ferplichting is, is it skriuwen fan de klank [n] mei de letter -n-. Dat wol sizze: as ien [si:kənhu:s] seit, dan is de stavering fan dat wurd ‘sikenhûs’.

    Dan kin men sizze dat men [si:kənhu:s] net in moai wurd fynt, dat it net yn de Standertwurdlist stiet, dat men it sels net brûkt, dat de Afûk it ôfwiist – allegear mooglike punten fan krityk en dat lêste punt haw ik ek neamd, omdat ik tink dat it relevante ynformaasje is. Mar goed stavere is it al.

    En ast witte wolst wat ik sjoch as it doel fan myn taalsnipels: dat is, hooplik neist ferdivedearje, yn it foarste plak ynformearje: minsken safolle mooglik ynformaasje jaan oer it Frysk: wat der foar wurden binne of wienen, hoe’t se brûkt waarden en wurde, wêr’t se foarkamen en foarkomme, sadat ynteressearre lêzers sels op basis fan kennis kieze kinne foar of tsjin in bepaald wurd.

  7. Abe maaie 9, 14:01

    Bêste Cor, wat ûnderwizers graach ‘oplizze’ wolle, hawwe skriuwers net altyd nocht oan. Dat is lullich foar de FA en de Afûk miskien, mar geweldich foar de taal. It soarget derfoar dat minsken wol twa kear útsjugge foar’t se wer ris mei in list Hiel Belangrike Wizigingen komme dêr’t nimmen oer meiprate koe, want ja, it oantal fte’s by de twa neamde organisaasjes is no ienris beheind.

  8. Cor Jousma maaie 9, 15:03

    Bêste Henk en Abe,

    [Cor, as ik staveringsregels útlizze moat, dan doch ik dat neffens de easken fan myn opdrachtjouwer. Dy nije masters en juffen sitte presys op it spoar dêr’tsto se ha wolst.]

    Dat falt my dan wer ta…

    Dy diskusje om de staveringsregels fan 2015 hinne, wie wier net oan my bestege. Ik wie ien fan de earsten – miskien wol de earste – dy’t der foar pleite om de namme standertwurdlist te feroarjen yn foarkarswurdlist. Boppedat hawwe wy by de Wikipedia in soad wurk hân fan de rom trijehûndert wurden dy’t echt feroaren.

    Dat jo yn in boek dat jo skriuwe eigen regels hantearje, is neffens my hiel wat oars, as dat jo – nota bene as dosint/taalman – hjir in list oanrikke wolle en dêryn jo eigen staveringsregels oansette. Fansels wit Henk wol dat der immen bite sil op dy -n- yn sikehûs.

    Dy hiele staveringsferoaring fan 2015 hie foar my wier net hoecht, mar as ik sjoch dat Abe yn opdracht fan Tresoar de teksten foar de útstalling fan Waling Dykstra skriuwt en dêrby de eigen staveringsregels hantearret, dan fyn ik soks der krekt by troch. Wat Abe yn syn gedichten docht, moat er sels witte.

    Soks hat neat mear mei taalrykdom te krijen, soks liket my folle mear persoanlike earmoede…

  9. H. maaie 9, 15:50

    Cor, ik hie altyd it idee dat wy alle trije yn wêzen itselde wolle: it plak fan it Frysk ferstevigje. Elk fan ús docht dat op syn eigen manier: do hast in soad wichtich wurk dien foar it offisjeel meitsjen fan geografyske nammen, Abe hat syn spoaren rom fertsjinne mei al syn literêre aktiviteiten en ik besykje op myn manier mines te dwaan. Wy binne neffens my alle trije tûke en wat eigensinnige kearels dy’t har eigen ideeën ha oer guon saken. Ik fyn dat helendal net slim: út in ferskaat oan ideeën komt it bêste idee úteinlik wol boppe driuwen.

    Liuwe is de man dy’t tink de grutste ynfloed hân hat op myn tinken oer taalnoarm. Hy hat in opmerking makke oer de foarm ‘sikenhûs’ en ik ha dêr oanfoljende ynformaasje oer jûn. Dêrnei ha wy der op Facebook noch efkes yn folsleine harmony oer fierder praat. Neffens my makket fierder net ien him drok oer sa’n stikje foarmferskaat.

    De foarm ‘sikenhûs’ komt trouwens gewoan út it Wurdboek fan de Fryske Taal. Fynst him as njonkenfoarm by it lemma ‘sikehûs’. En sa’t ik hjirboppe útlei: ‘sikehûs’ en ‘sikenhûs’ binne twa ferskilende wurden (lykas ‘tiidwurdútgong’ en ‘tiidwurdsútgong’ dat binne), de kar tusken dy twa is in leksikale of byneed morfologyske kwestje, mar gjin staveringskwestje.

    Noch in ôfslutende tip, dy’t wol bedoeld is om te pleagjen, mar net om dy oan te fallen: yn dyn lêste reaksje stiet in wurd dat sawol neffens de staveringsregeling fan 1980 as neffens dy fan 2015 ferkeard skreaun is. De flater is fan it type dat skoalmasters almeast it slimste fine. Ast opkomst foar in staveringssysteem, is it foar dyn autoriteit tink goed ast sokke foarmen net brûkst.

  10. Cor Jousma maaie 9, 17:11

    Bêste Henk,

    Om’t ik gjin dosint Frysk bin en my dus op gjin inkele autoriteit oangeande it staverjen beroppe hoech, lit ik my by út de losse pols skreaune teksten graach troch de staveringshifker op (typ)flaters wize.
    Lit dy no krekt dat wurd wol sitte litte en it wurd sikenhûs fan jierren foar 1975 net.

  11. Abe maaie 10, 15:59

    Wat ik yn myn skriuwen doch moat ik yndie sels witte, Cor, dêr haw ik gjin Cor foar noadich om my dat te fertellen. Dat minsken út ‘persoanlike earmoede’ sa út en troch dyn staveringsboekje net oanhâlde moatst efkes útlizze – de earmoede sit nammentlik yn dy boekjes bebakt. En gelokkich haw ik nei in dichtbondel as tsien, krapoan in fyftich essees en hjir en dêr nochris in blomlêzinkje yndie it foech oer myn eigen taal. Súkses mei de leskes.

  12. Abe maaie 10, 16:20

    En foar wa’t witte wol hoe’t ik besykje om Waling Dykstra syn taal yn moderne omstannichheden rjucht te dwaan, en oan de ynlieding by de blomlêzing út dy syn gedichten net genôch hat: dy moat efkes wachtsje op de publikaasje, hooplik ein fan ‘t jier, fan in seleksje út WD syn ferhalen en lêzingen. Ik sil aansen wol in kear in stikje skriuwe, dan meie de staveringbeswarders dêr ek wer foar fluitsje.

  13. Henk maaie 10, 21:35

    Reitze: ik kaam niis ‘Waai yn in knoop!’ tsjin, dat is ek noch in moaien foar dyn kleksje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.