Hackte ynstellings roppe oare ôfparse bedriuwen op om dat te dielen

maaie 25, 2020 09:38

De Universiteit fan Maastricht en wittenskiplike ynstelling Wetsus yn Ljouwert roppe bedriuwen dy’t hackt en ôfparse wurde op om dat iepenbier te meitsjen. Beide ynstellings waarden it ôfrûne jier slachtoffer fan ynternasjonaal operearjende hackers en waarden twongen om grutte bedraggen oer te meitsjen om harren netwurk te rêden. Yn de lêste ôflevering fan it NTR-telefyzjeprogramma De Kennis van Nu, dat oer de kwetsberens fan it ynternet giet, jouwe beide ynstellings iepenheid fan saken oer wat harren it ôfrûne jier oerkaam.

Wetsus (foto: Wikimedia Commons/Rodenas84 – CC BY-SA 4.0)

As eardere hacks better dield wiene, dan hie de Universiteit fan Maastricht him better wapenje kinnen tsjin hackers, seit ICT-direkteur Jacques Beursgens. “Helje it út it ferdomhoekje. Foegje dy by dy oare hûnderten bedriuwen dy’t it de ôfrûne moannen ek oerkaam is. Help inoar.” De Universiteit fan Maastricht fielde him twongen hast twa ton oan de kriminelen te beteljen.

Saken dwaan mei kriminelen
Saken dwaan mei kriminelen is eat dat men absolút net wol, makket Johannes Boonstra, algemien direkteur fan de Fryske wittenskiplike ynstelling, dúdlik. It is in duvelsk dilemma, mar soms hat men gjin kar. Hoefolle Wetsus de kriminelen betelle hat, wol Boonstra net sizze, mar it wie yn alle gefallen ‘folle heger as de bedriuwsskea dy’t wy oars lije soene.” Hy ropt ek op ta mear iepenheid, sadat Nederlânske bedriuwen en ynstellings better op de hacks taret binne. Boonstra: “As it jo oerkomt, wês dan wiis en goed taret, sadat jo net lykas wy yn oerlis moatte mei sa’n boef.”

Miljoenen fiskmails deis
De hackersbinden binne ynternasjonaal operearjende bedriuwen, dy’t tige profesjoneel te wurk gean. Hja ferstjoere miljoen fiskmails deis en rjochtsje har op alle tinkbere sektoaren, restaurantkeaten, ûnderwiisynstellings, banken en noch folle mear. Yn de útstjoering giet it oer de fraach wat der bart as it ynternet útfalt. Yn de koroanakrisis toant it ynternet namste mear syn wearde, mar ûnkwetsber is it net. De lêste ôflevering fan De Kennis van Nu is hjir te sjen.

De Kennis van Nu is it wittenskipsprogramma fan de NTR, presintearre troch Dirk de Bekker, Elisabeth van Nimwegen en Lieven Scheire.

maaie 25, 2020 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.