Grutte romte foar it lytse

maaie 30, 2020 19:38

Ynstjoerd

Tusken Berltsum en Sint-Anne (foto © Sijbe Knol)

Twongen troch in firus waard de wrâld in pear moanne lyn yn ien kear in stikje lytser, alteast sa fielde it foar my. No in pear moanne letter freegje ik my lûdop ôf oft ik in lytsere wrâld ek slim fyn. Want is lytser minder? Opsletten foar it doe noch ridlik ûnbekende, tekene der him in nije yndieling fan de dei ôf. Eltse dei tusken it thúswurkjen troch die ik in slach oer de Ouwe Dyk boppe Sint- Anne.

Op it paad werom troch it doarp, seach ik drokte by de beide grientewinkels, en de Bildtse Bouwmarkt hie in soarte fan skyhut makke yn de iepening fan de winkel om oan de regels fan it RIVM te foldwaan. Johnny fan Snackbar ‘De Smâle Kant’ wie al like kreatyf en hie in wetterticht systeem betocht mei skiljen, tikkys en opheljen. Fierderop yn de provinsje wie it in grutte drokte by de streekboer, tal fan artysten soargen belangeleas by ús âlderein foar fertier, elkenien wurke thús en de digitale bingo’s wiene in grutte hit.

As dizze koroanakrisis ien ding dúdlik makke hat, dan is it dat wy hjir yn Fryslân hiel bot befoarrjochte binne. Wat wy, mar ek de minsken yn regio’s lykas de Achterhoek, Twinte, Seelân en Limburch, al lang wisten, wurdt yn it ferstedske Nederlân no pas op ’e nij wurdearre; dêr rinne se wat efter. It is de romte om ús hinne, de natuer, it iepen fjild en de krêft fan it lokale. It binne de minsken. De ‘mienskip’ – yn 2018 in slim misbrûkt wurd – liet sels sjen wat de wiere betsjutting fan it wurd is. Gjin reklame-utering, mar in wurd mei ynhâld. Woe twa jier ferlyn in klupke minsken ús befrije fan it ‘suikerbroodsyndroom’ / de ‘kneuterigheid’, no is it krekt it lytsskalige dat minsken der trochhinne skuorde.

It is tiid om de kaart om te draaien. De iepen regio mei syn romte is de takomst. It is dêr wêr’t it lytse grutte romte fertsjinnet. Lit ús in oar dêr ek wat fan gunne.

Sijbe Knol, Sint-Anne
FNP-Steatelid

maaie 30, 2020 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.