God sjen…

maaie 24, 2020 07:00 Fernijd

Meditaasje

Discesa dello Spirito Santo, dal Libro d’Ore di Etienne Chevalier (om 1455 hinne)

‘Heit, wêrom kinne wy de Heare God net sjen?’ Dat frege ien fan ús bern jierren ferlyn. Hy sil doe fjouwer, fiif jier west hawwe, tinkt my. Wat ik him doe antwurde ha, wit ik net mear. Ik wit wol dat er net de earste wie dy’t dy fraach stelde. Feitlik die Jezus’ learling Filippus dat ek, yn it petear sa’t dat yn Johannes 14 beskreaun stiet. Dêryn kundige Jezus syn hinnegean, syn himelfeart oan. Om plak foar syn learlingen klear te meitsjen, yn syn Heite hûs, dêr’t gâns keamers binne. Dy oankundiging makke de dissipels oerstjoer. Se wiene der hielendal ôf. Dat docht earst al bliken út de fraach fan Tomas: ‘Hear, wy witte net wêr’t Jo hinne geane; hoe soenen wy dan it paad dêrhinne witte?’ Mar ek in fersyk, in oprop fan Filippus tsjûget fan betizing: ‘Hear, lit ús jo Heit sjen, dan is it ús genôch.’ Filippus woe de Heare God sjen, fan antlit ta antlit, sa foar eagen. Sichtber, taastber, konkreet.

Iuwen earder wie de kwestje einliks ek alris op it aljemint brocht, oan ’e oarder steld. Troch Mozes. Dy frege in kear oan de Heare God: ‘Lit my dochs jo hearlikheid sjen.’ Begryplik, werkenber, dy oprop, dat fersyk. It geastlike klimaat fan de lêste desennia wurdt al sa’n tritich jier oantsjut mei de typearring ‘Godsverduistering’. De joadske godstsjinstfilosoof Martin Buber hat it ûntwikkele, de herfoarme teolooch H. Berkhof hat it yn ús lân yntrodusearre. Dy typearring ‘Godsverduistering’ omreden dat in protte minsken it gefoel hawwe dat se hielendal gjin sicht mear op de Heare God hawwe, dat se de Heare God folslein út it each ferlern hawwe. Hy is ferdwûn, efter de hoarizon fan it hielal – as Er al bestiet. Dat is net allinnich de miening fan dy Russyske astronaut, de earste of ien fan de earsten dy’t weromkaam en doe sei dat er God ûnderweis net tsjinkommen wie. It is ek de miening fan in soad godstsjinstige, kristlike, tsjerklike, leauwige minsken. Dy binne de Heare God ek wolris kwyt, dy kinne de Heare God somtiids ek net fine. Dêr sit dan wol wat efter: it djippe ferlangst nei Him. It djippe ferlangst nei treast, stipe, nei moed, hâldfêst, nei hope, útsjoch fan hegerhân. It djippe ferlangst nei mear as allinnich mar in teken fan Gods bestean, yn ’e natuer of yn it gewisse, sa’t eartiids wol sein is. Of yn it gesicht fan de oar, sa’t de lêste jierren wol sein wurdt – dat klinkt yndied al justjes moderner, nijmoadriger.

Ja, begryplik, werkenber, dy fraach fan ús soan as lyts jonkje: ‘Heit, wêrom kinne wy de Heare God net sjen?’ Dat fersyk, dy oprop fan Filippus oan Jezus: ‘Hear, lit ús Jo Heit sjen, dan is it ús genôch.’ Dat fersyk, dy oprop fan Mozes oan de Heare God: ‘Lit my dochs jo hearlikheid sjen.’ Letterlik stiet der: ‘Lit my dochs jo ‘gewicht’, dat is ‘jo majesteit yn folle gloarje’ sjen.’ Ja, de Heare God yn syn hiele hear en fear. Sichtber, taastber, konkreet.

Mar wy kinne de Heare God net sjen, al hoe leaf ús dat ek wêze soe. Yn Johannes 1 seit de evangelist: ‘Der is net ien dy’t God oait sjoen hat.’ Hy heakket der wol wat oan ta: ‘De Ienlingssoan fan God, Dy’t it neiste is oan syn Heite hert, Dy hat dúdlik makke wa’t God is.’ Ja, yn ús Hear Jezus Kristus sjogge wy hoe’t de Heare God is: yndied genedich en barmhertich, sa’t Er al tsjin Mozes sein hat.

Jezus seit sels yn Johannes 14, as reaksje op it fersyk, de oprop ‘Hear, lit ús de Heit sjen.’ fan Filippus: ‘Ik bin no al sa’n skoft by jimme en kenst My no noch net, Filippus? Dy’t My sjoen hat, dy hat de Heit ek sjoen.’

Ja, yn Jezus Kristus hawwe ek wy de Heare God sjoen as in God genedich en barmhertich. Wy soene Him wol sa foar eagen sjen wolle: sichtber, taastber, konkreet. Mar dat wurdt him net, op dizze ierde. Yn ’e earste brief oan de Korintiërs lêze wy: ‘No sjogge wy noch ûndúdlik yn in spegel, mar dan – yn Gods takomst – dan each-yn-each.’ Foar ús jildt wat Jezus by syn ferskining nei syn opstanning tsjin Tomas sein hat: ‘Gelokkich binne dy’t net sjoen hawwe en dochs leauwe.’ Mar as wy dat dogge, dochs leauwe, dan witte wy dat wy de Heare God ienris sjen sille, fan antlit ta antlit, sa foar eagen. Mei dat fisjoen libje wy. Under it motto fan it liet ‘Mei de takomst tsjuster lykje’: ‘Ienris sjoch ik al jo gloarje as ik yn jo himel kom!’

Jan Dirk Wassenaar, Hellendoorn

 

 

maaie 24, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.