Fryslân ûngeunstige provinsje foar elektryske autobesitter

maaie 1, 2020 09:09

Fryslân is, neffens oare provinsjes, ûngeunstich foar automobilisten dy’t elektrysk ride. Friezen dy’t mei harren auto oanwiisd binne op publike laadpeallen, hawwe relatyf net folle gemeentlike oanfraachopsjes en hoege net te rekkenjen op in laadpeal tichtby hûs. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan enerzjybedriuw Vattenfall, dat ûndersyk die nei elektrysk riden yn Nederlân.

Foto: pixabay.com

Begjin 2019 wie der al foar eltse 2,2 elektryske auto’s in publyk laadpunt. Begjin dit jier wie dat tal tanaam nei 3,9 elektryske auto’s it publyk laadpunt. Dat is mei it gefal troch de enoarme groei yn it tal elektryske auto’s yn 2019.

Net folle oanfraachopsjes yn Fryslân
Om elektrysk riden yn Fryslân te stimulearjen, jouwe ‘mar’ fiif fan de achttjin gemeenten (28 persint) harren ynwenners de mooglikheid om fia de gemeentlike webside in iepenbiere laadpeal oan te freegjen. Dat is, fan alle provinsjes, it leechste persintaazje. Lanlik is dat persintaazje foars heger (yn trochsneed 79 persint).

Iepenbiere laadpeallen binne bedoeld foar minsken dy’t harren elektryske auto net op har priveeterrein oplade kinne, bygelyks wannear’t se gjin garaazje of eigen oprit hawwe.

Maksimale rinôfstân ta in laadpeal
Gemeenten stribje dernei dat op in ridlike ôfstân fan in laadpeal wenne en wurke wurde kin. Fryslân hat, fan alle provinsjes, yn trochsneed de grutste rinôfstân. De trochsneed “maksimale rinôfstân” nei in laadpeal yn Fryslân is leafst 325 meter. Dat is, fan alle provinsjes, de grutste ôfstân en 24 persint grutter as lanlik gemiddeld (262 meter).

Trochsneed tiid tusken oanfragen en realisaasje
Lanlik is de perioade tusken oanfraach fan de laadpeal en realisaasje (pleatsen fan de peal) 18,4 wike. Fan alle Fryske gemeenten makke allinnich Achtkarspelen bekend hoe lang’t ferwachte wurdt dat it duorret, nammentlik achttjin wike. Dêrmei sitte se om it Nederlânske trochsneed hinne.

De trochrintiid kin yn oare regio’s yn Nederlân oprinne ta wol njoggen moanne (Bergen Noard-Hollân, Uitgeest, Castricum, Heiloo en Gooise Meren). De koartste trochrintiid is tolve wike en is ûnder oare fan krêft yn de gemeenten Den Helder, Wageningen en Loon op Zand.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

maaie 1, 2020 09:09
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga maaie 1, 10:33

    As je in djoere elektryske auto keapje kinne, kin je ek maklik by of yn je hûs in oansluting meitsje. Trochstrings binne je elke dei wer thús en set de auto oan je eigen spanning.

  2. L maaie 1, 15:45

    Ja je je je !

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.