Fryslân relatyf geunstich foar starter op de wenningmerk

maaie 9, 2020 11:02

Om in eigen hûs fan 55 m2 oant 65 m2 te keapjen, moat in modaal fertsjinjende starter yn Fryslân yn trochsneed 6.677 euro eigen jild meinimme. Starters op de Fryske wenningmerk hawwe te krijen mei de relatyf geunstige situaasje. Wol binne der tusken Fryske gemeenten grutte ferskillen yn ’e hichte fan it eigen jild dat nedich is. Dat ferskil rint op oant goed tsientûzen euro. Dat en mear docht bliken út de lêste Eigengeldkaart fan Nederlân fan hypoteekekspert Independer en hûzeplatfoarm Jumba.

Ofbylding: pixabay.com

Fryske wenningmerk foar starters
In allinnichsteande starter yn Nederlân moat yn trochsneed hast tweintichtûzen euro oan eigen jild meinimme foar de oankeap fan in ‘beskieden wente’ fan 55 m2 oant 65 m2. In trochsneed Nederlânske allinnichsteande wennet op 88 m2.

Hoewol’t dat bedrach oan eigen jild dat nedich is, yn Fryslân yn trochsneed gâns leger is (6.677 euro) hawwe ynwenners fan Fryslân te krijen mei grutte ferskillen. Sa rint it bedrach útinoar fan 5.690 euro yn Achtkarspelen, oant 15.400 euro op Skylge: in ferskil fan 10.310 euro.

De geunstichste Fryske gemeenten (njonken Achtkarspelen) binne Opsterlân (5.710 euro) en Smellingerlân (5.820 euro). Oan ’e oare kant fan it spektrum stean (njonken Skylge) Flylân (7.350 euro) en Weststellingwerf (6.550 euro), dêr’t starters yn ferhâlding in protte eigen jild meinimmer moatte foar in wente. It folsleine oersjoch fan it nedige eigen jildbedrach yn Fryslân is hjir werom te finen.

Eigenjildkaart Fryslân
Hoefolle oft ien nedich hat om in hûs te keapjen, hinget fan ferskate faktoaren ôf. De wichtichste binne it ynkommen, de regio dêr’t kocht wurdt en it oantal fjouwerkante meters fan de wente. Om (fisueel) ynsichtlik te meitsjen hoefolle eigen jild oft men yn trochsneed nedich hat by de oankeap fan in hûs yn Fryslân, kreëarren Jumba en Idenpender de indikative Eigenjildkaart 2020. It krekte bedrach is fansels ôfhinklik fan de persoanlike situaasje, winsken en de aktuele rintestân.

maaie 9, 2020 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.