Fryslân, lân fan dichters

maaie 12, 2020 07:00

Kollum

Der komme yn Fryslân mear dichtbondels as romans út. Dy stelling doar ik wol oan. Dat we in protte dichters ha foel al earder op. Yn it boekje Salang’t de beam bloeit lês ik op bledside 117: ‘Tusken 2000 en 2010 debutearren tritich dichters.’ It die bliken dat dy dichters yn dy perioade faker bondels publisearren, dus aardich produktyf wiene. Dat wie doe sa en ik leau dat dat noch hieltyd sa is. Fan ’t jier binne der yn alle gefallen al wer twa dichtbondels ferskynd: Piter Boersma Under Hildegards tsjoen en Anne Feddema Lippebiter fan L. Foar ferline jier kom ik op sa’n sân bondels as ik sammele fersen, blomlêzingen, oersettingen en ‘yn eigen behear’ net meitel.

Hoe soe dat komme, freegje ik my ôf. Yn ’t foarste plak falt it op dat ús Fryske dichters hieltyd mear mei it Hollânsk dogge. Yn gedichten kom ik hieltyd faker dy beide talen of noch mear tsjin. Gedichten komme gauris tagelyk of hast tagelyk yn beide talen út. Dat jildt ek foar bondels. Fryske dichters binne twa- of meartalich. Sy sille derop tidigje dat it de omset te’n goede komt, dat optredens benammen om utens faker mooglik wurde en dat suksessen grutter wurde. Ik begryp dat wol, mar om my hoecht it net. Wat sei, ik ha der lêst fan. Dat waard my okkerdeis wer dúdlik doe’t ik yn Tresoar Treast Telefyzje op It Nijs de ôflevering oer Douwe Annes Tamminga seach. Ik hie hege ferwachtingen, mar it wie net folle mear as in koarte ynlieding op gedicht XII út In Memoriam. Dat gedicht waard foarlêzen, earst yn ’t Frysk en doe yn ’t Hollânsk. Ik wit wol, it moat kinne, mar ik wie net mear te treasten.

Ik wol net erchtinkend wêze, mar der binne mominten, dat ik tink dat dichters ek gewoane Friezen binne en dat har taalmacht wat it Frysk oanbelanget der ek net grutter op wurdt. Ik hear en lês noch wolris dat it wurdboek gauris rieplachte wurdt, dat moaie wurden opsocht wurde. Dêr kinne de dichters hjoed-de-dei wol mei ta. Sy hoege har net te bekroadzjen om wurdfolchoarders en sinsferbannen, om’t dy der ornaris dochs net mear ta dogge. Dêr kinne dus gjin flaters yn makke wurde. Ik tink wolris dat dichtsjen sa boartsjen mei wurden wurdt en dat yn in hieltyd grutter ferskaat oan talen. En dan dat grut gean op dichters fan om utens. Dat wurdt foar guon fan ús dichters suver in soarte fan fierpisjen, sjen litte wa’t de measte dichters út oare lannen lêzen hat en dy’t sa ynfloed ha op de eigen gedichten. It past allegearre prachtich yn Ljouwert City of Literature, mar de Fryske literatuer sjit der neat mei op.

 

Dat wurdt foar guon fan ús dichters suver in soarte fan fierpisjen,
sjen litte wa’t de measte dichters út oare lannen lêzen hat
en dy’t sa ynfloed ha op de eigen gedichten.

Fan my hoege al dy talen dus net. Hawar, dêr is oerhinne te kommen. Dat jildt ek foar it feit, dat fersfoarms der net mear ta dogge. It komt foar dat gedichten oan ’e iene kant suver op in stikje proaza lykje en oan ’e oare kant mar út in inkeld wurd of inkelde wurden besteane. Party gedichten ha nei alle gedachten min of mear tafallige strofeyndielingen. Dêr begjinne foar my de swierrichheden. Dy yndielingen kin ik gauris net benei komme. Dat mei dan noch hinnebruie. Wat foar de yndieling jildt, jildt lykwols ek gauris foar de ynhâld. Ik begryp parten fan en soms hiele gedichten net. Dêr fyn ik neat oan. Ik wit wol, ik sil wol âlderwetsk wêze, mar ik ha graach gedichten mei foarm en ynhâld dy’t nei te kommen binne. Ik hoech net daliks alles te begripen, mar as ik der flyt op doch, moat it my al slagje, dat wol. Oars hoecht it om my net! Ik ha net om ’e nocht de Fryske Fersleare fan Anne Wadman en noch wat oare boeken suver stikken lêzen.

Ik hâld fan foarm en fan ynhâld. Ik fyn it dêrom moai dat ik merk dat der ûnder Fryske dichters wat feroaret. Ik doel op Elske Kampen har Ntrije55. Dy namme betsjut neat oars as de namme fan de dyk troch Hurdegaryp. De gedichten geane oer de dingen dy’t se dêr oan de kant fan de dyk fûn hat. De oare dichter dy’t ik yn gedachten ha, is Meindert Bylsma mei syn In balpinne tsjin ’e râne fan it trottwaar. Beide bondels binne hiel ferskillend fan ynhâld, mar begjinne beide wol konkreet op ’e dyk.  Der feroaret dus wat as it om de ynhâlden giet. Der feroaret lykwols mear.

In pear oare dichters sette no op de foarm yn. De earste dy’t wat dat oanbelanget opfoel, wie Abe de Vries. Dy seit dat der in hiele protte foarmen mooglik binne, mar hy komt likegoed mei in nijenien: it tresoarke. Hy seit fan dy foarm dat dy yn de fierte tinken docht oan it sonnet, dat der guon oerienkomsten binne. Dêr hat er gelyk oan. Ik bin entûsjast oer dat eksperimint, om’t er net allinne omtinken foar de foarm, mar ek foar in dúdlik nei te kommen ynhâld hat. Soene foarm en ynhâld dan dochs ien gehiel wêze? Ik bin benijd nei hoe’t it fierder giet.

Underwilens is der al wer in nije foarm by kommen. Syds Wiersma fan it dichterskollektyf Rixt komt mei it oardelskonkje. De ynhâld fan it oardelskonkje is aardich beheinder as de ynhâld fan it tresoarke. It hâldt mei fyftjin wurden op. Earst tsien en dan fiif, de helte fan tsien. Dat makket dan it oardelskonkje. Dat gedicht wurdt ferlike mei in haikû. Dat dwaan, dat ferlykjen mei sonnet en haikû ropt by my de gedachte op, wêrom’t net gewoan in sonnet of in haikû skreaun wurdt.

Ik fyn it moai dat der nije belangstelling ûntstiet foar de foarm fan gedichten. Dat hoege om my gjin nije foarmen te wêzen. Der is neat mis mei in sonnet en ek net mei in haikû. Dat it liket oft troch dat dwaan de ynhâlden konkreter wurde, bin ik fergulde mei. Ik soe sizze: trochsette en doch dat mar gewoan yn it Frysk.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 12, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Gauke maaie 14, 22:33

    Wa wit wat de oplaach is fan de trochsneed dichtbundel? Subsydzje fan 10, 15, 20, 25.000 foar in dichtbundel wurdt gauris jûn. Ik koe foar 2 boeken in oplaach fan 200 fiene. Dan sit jo gau op in bankje subsydzje it boek…

  2. Koos Tiemersma juny 5, 19:19

    Fan ien dy’t in column skriuwt en dêrby in fraach as kapstôk presinteart (Hoe soe it komme dat der mear dichtbondels as romans yn it Frysk ferskine?), soene je ferwachtsje dat der yn it ferfolch in antwurd op dy fraach komt. Sa net by Aant Mulder, dy’t it fierder hat oer poëzy en wat er dêrfan fynt. Myn suggestje: skriuw in column mei as tema de hjoeddeiske poëzy yn Fryslân en lis yn it ferfolch út hoe’t it kin dat der yn Fryslân mear dichtbondels as proaza ferskine. Dan knipt en plakt de lêzer beide columns wol midstwa en plakt de goeie fraach oan it antwurd dat derby heart.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.