Fryslân DOK presintearret ‘De berchrede fan it flakke lân’

maaie 14, 2020 08:45 Fernijd

Hoe tinke wy dat de maatskippij der nei de koroanakrisis hinne leit, mar foaral: hoe wólle wy dat dy der aansten útsjocht? Yn de nije searje De berchrede fan it flakke lân jout Fryslân DOK it wurd oan tinkers, dy’t in perspektyf formulearje.

Foto: Omrop Fryslân

De koroanakrisis hat ús maatskippij ferlamme. Mar dy opleine stilte jout ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hokker ynsichten komme nei boppen? Wy moatte foarút, dus wat wolle we meinimme nei de nije tiid? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Mei de searje ‘De berchrede fan it flakke lân’ pakt Fryslân DOK in aventoerlike foarm om antwurden op dy fragen te sykjen.

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma en PRI-therapeut Greet Andringa binne de earste skriuwers oan ‘de berchrede’. Yn in essay oarderje sy harren gedachten oer de takomst. Elk skriuwt syn eigen part en wiist ús in rjochting dy’t wy mei-inoar ynslaan kinne, as wy dat wolle. De titel ‘Berchrede’ is ynspirearre op de profeet dy’t in folk yn noed taspruts om it in nij perspektyf foar te hâlden, en de minsken tagelyk oanspruts op harren eigen hâlden en dragen en harren ferantwurdlikens dêr yn.

Yn diel ien fan De berchrede fan it flakke lân komme Ineke van Gent en Oeds Westerhof oan it wurd. In wike letter, yn diel twa, litte Greet Andringa en Theunis Piersma de gedachten en idealen dwale oer ús flakke lân. Op filmyske wize besiket Fryslân DOK dy fyzjes te fangen en te ferbyldzjen, ûnder it motto: ‘It lân fan moarn freget de moed fan hjoed’.

Fryslân DOK: De berchrede fan it flakke lân
Diel 1, Ineke van Gent en Oeds Westerhof:
Sneon 16 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 17 maaie 13.10 oere)
Snein 17 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Diel 2, Greet Andringa en Theunis Piersma:
Sneon 23 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 24 maaie, 13.10 oere)
Snein 24 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

By ‘De berchrede fan it flakke lân’ bringt Fryslân DOK ek in podcast-searje út, dy’t te downloaden is fia Spotify en de bekende podcastkanalen. De tekst fan de essays wurdt publisearre op de webside fan it tydskrift De Moanne. Mear ynformaasje op www.omropfryslan.nl/fryslandok.

maaie 14, 2020 08:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe maaie 14, 11:54

    It wurdt hieltyd healwizer… In espeltsje GrienLinksers (diskear ris gjin ‘jonge makkers’ mar ‘tinkers’, en ek noch op jierren, kwa fariaasje) sil foar Jezus trochgean, begryp ik. Om wierheden as kij te debitearjen, tink ik, teminsten, it is wer allegear ‘wy’ en ‘ús’. Wat wolle wy, wat tinke wy. It liket juf wol yn it beukerlokaal. Wannear begripe dy programmamakkers no ris dat it net har taak is om in út de loft grypt ‘wy’ te konstruearjen en út te suteljen, mar om sjen te litten hoe ferskillend der tocht wurdt. Neat wy. Myn hjoed is jimme hjoed net, myn moarn is jimme moarn net.

  2. Joute De Graaf maaie 14, 12:21

    Liket me dochs neat mis mei. Lit dizze minsken harren fysje mar ris lêze. As se dizze beide kommentaren ek lêze binne se warskoge gjin âlde kij út de sleat te heljen

  3. Abe maaie 14, 16:20

    De earste bydrage, Joute, is te lêzen op de website fan de Moanne, fan Ineke van Gent. Ik ha efkes teld: wij 4 x, we 37 x, ons 18x en onze 11 x. Net ien kear Friese, Friese, Frysk, Fryske of taal. Net dat dy wurden der per se yn moatte, mar och, it is de Moanne, it is de Omrop, dat sa nuver hie dat no ek wer net west. Behalve dat it stik ‘De berchrede fan Ineke van Gent’ hjit (mar yn it Hollânsk opmakke is) hat it neat mei Frl. Falt der dan neat goeds oer te melden? Wrachtich wol: it wurd ‘mienskip’ komt der (dus) ek net yn foar.

  4. Abe maaie 15, 11:28

    Oflevering nûmer 2, fan Oeds Westerhof, makket reklame foar it bekende basisynkommen. Moai foar de minsken en knap betocht doe’t it, alwer hiel lang lyn, betocht waard. Ik seach niis dat de VVD yn ‘e peilingen op in histoaryske 43 persint stiet. Sjuch, dát hie no in útgongspunt west foar in nijsgjirrige bydrage. Alles moat oars nei koroana, dochs? Ik stim folgjende kear Asscher, ik sis it hjirby ta.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.