Fryske fakânsjegonger wol nei Limburch of Gelderlân

maaie 8, 2020 08:44

Undersyk: 63% fan de Nederlanners seit simmerske fakânsje nei it bûtenlân ôf

Goed seis op de tsien Nederlanners dy’t fan ’t simmer reisplannen nei it bûtenlân hiene, bliuwt fanwegen it koroanafirus no thús, of sil fakânsje fiere yn eigen lân. Under de fakânsjegongers út Noard-Nederlân (Fryslân, Grinslân en Drinte) stean de provinsjes Limburch en Gelderlân boppe-oan op de winskelist. Dat docht bliken út in enkête fan BungalowparkOverzicht.nl, dêr’t likernôch 1.200 Nederlânske fakânsjegongers by nei harren fakânsjeplannen foar dit jier frege waarden.

Foto: pixabay.com

Bûtenlânske fakânsjeplannen annulearre
Leafst 44% fan de ûnderfrege minsken past de fakânsjebestimming oan fan it bûtenlân nei eigen lân, wylst 19% dit jier sels hielendal in streek troch de plannen set. Hast 22% fan de fakânsjegongers twivelet noch wat te dwaan en 15% is noch hieltyd fan plan om de simmerfakânsje yn it bûtenlân troch te bringen.

Foarkarren fan fakânsjeleafhawwers ferskille sterk de regio
Minsken út it noarden fan it lân wolle it leafst nochris nei Limburch of Gelderlân ôfreizgje. De provinsjes Drinte, Súd-Hollân en Oerisel stean ek heech op it ferlanglistke fan noarderlingen. De meast winske bestimmings ferskille lykwols sterk de regio. Sa stiet op lanlik nivo Seelân boppe-oan op de list, wylst dy fakânsjeprovinsje yn it noarden fan it lân bûten de top 5 falt.

In oersjoch fan alle provinsjes stiet hjir.

Manlju wolle nei Limburch, froulju nei Seelân
Tusken manlju en froulju binne der ferskillende fakânsjefoarkarren, blykt út it ûndersyk. Sa wolle Nederlânske manlju it leafst Limburch ûntdekke, wylst de froulju just Seelân boppe-oan op harren listke stean ha.

Wat âldensgroepen oanbelanget binne der ek dúdlike ferskillen. Nederlanners dy’t tusken de tweintich en fjirtich jier âld binne, wolle it leafst Limburch kennen leare, wylst dat by Nederlanners tusken de fjirtich en sechtich jier âld just foar Seelân jildt. Nederlânske sechtichplussers wolle graach noch in kear nei Gelderlân ta.

maaie 8, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer maaie 9, 14:07

    Ik haw it gefoel dat dit ein njochentigger jieren fan 20ste ieu in bytsje oarsom lei. Aldere froulju hiene foarkar foar
    de Feluwe. Jongere manlju foar Seelân. (By pearen hiene
    de âldere foarkar foar Feluwe en de jongere foar Seelân).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.