Frysk Museum organisearret online rûnliedings en minykolleezjes

maaie 18, 2020 08:44

It Frysk Museum nimt besikers dy’t thús yn isolaasje sitte mei nei de bysûndere ferhalen fan de kolleksje. It museum en LF2028 hawwe de hannen yninoar slein om alle woansdeis om 15.00 oere in streekrjochte rûnlieding op Facebook te fersoargjen. Dêrneist nimme konservatoaren fan it Frysk Museum en Keramykmuseum Prinsessehôf minykolleezjes op út harren húskeamer wei. Sa fertelt konservator Diana Spiekhout oer it brûken fan hûnen yn de terpetiid.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Live rûnliedings
Alle woansdeis om 15.00 oere organisearret it museum yn gearwurking mei LF2028 live rûnliedings. Sa naam museumgids Henk Leutscher de sjogger mei troch it Fersetsmuseum, yn it ramt fan 4 en 5 maaie. Syds Wiersma droech it Frysktalige gedicht foar wat er skreaun hat as oade oan it wurk Osedax fan de keunstners Edgar Cleijne en Ellen Gallagher yn de útstalling Other Wordly.

Thús te dwaan
Op ferhaalfanfryslan.nl kinne de minsken genietsje fan tsientallen meislepende ferhalen oer de foarwerpen fan it museum, bygelyks oer de ‘Amo te amo me’ fan Alma-Tadema of oer de Poptaskat. De ferhalen binne behalven yn it Nederlânsk ek beskikber yn it Frysk, Ingelsk en Dútsk. De online besiker kin ek spannende wytsingferhalen út Wij Vikingen weromharkje en der binne puzels, sykplaatsjes en aardige opdrachten foar bern.

maaie 18, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.