Friezen fiele har behelle by enerzjytransysje

maaie 1, 2020 08:54

Hast 2000 Fryske ynwenners hawwe de online fragelist fan de Regionale Enerzjystrategy ynfolle. Yn de ôfrûne twa wike hawwe se oanjûn hoe’t se behelle wurde wolle by de plannen foar skjinne enerzjy yn Fryslân. Oant no ta jout mear as de helte fan de respondinten oan yn noed te sitten oer klimaatferoaring en ferantwurdlikens te fielen foar syn rol yn de enerzjytransysje. Ynwenners fan Fryslân hawwe noch in pear dagen de tiid om de enkête yn te foljen. De online fragelist stiet oant en mei 3 maaie online op kiesvoorjelte.nl.

Ofbylding: RES Fryslân

Fryske oerheden wolle de enerzjyfoarsjenning yn Fryslân ferduorsumje en behelje dêr graach de ynwenners by. Fia de kampanje ‘Kies foar Jelte’ ropt it Fryske jonkje Jelte ynwenners op om te kiezen foar in duorsume takomst en in fragelist yn te foljen. De útkomsten fan de fragelist wurde meinommen by it meitsjen fan de definitive Fryske Regionale Enerzjystrategy (RES). De RES is in útwurking fan it Nasjonaal Klimaatakkoart en beskriuwt hoefolle elektrisiteit Fryslân yn 2030 winne sil mei wyn- en sinne-enerzjy op lân.

Fragelist oant en mei 3 maaie online
Fia kiesvoorjelte.nl kinne ynwenners fan Fryslân oanjaan oft en hoe’t se meitinke wolle oer skjinne enerzjy. De list bestiet út maksimaal tsien fragen en it ynfoljen duorret likernôch fiif minuten. It dielnimmen is anonym.

Regionale Enerzjystrategy
Foar de oergong nei mear skjinne enerzjy en minder CO2-útstjit is it wichtich om gear te wurkjen, oer gemeentegrinzen hinne. Dêrom is Nederlân yndield yn tritich enerzjyregio’s. Fryslân is dêr ien fan. Provinsje Fryslân, de achttjin Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en netbehearder Liander wurkje dêr yn gear. De Fryske konsept-RES is klear. Dêr stiet yn hokker elektrisiteit al wûn wurdt yn Fryslân, hoefolle oft op ’e plenning stiet en hokker kânsen der binne om Fryske wenten ierdgasfrij te ferwaarmjen. Mear ynformaasje stiet op resfryslan.frl.

maaie 1, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.