Frâns Kuipers: Hanwaskje

maaie 16, 2020 20:00

Kollum

Wy fernimme de gefolgen fan it meunster koroana, dat oer de hiele wrâld woest om him hinne slacht en hast alles stilset. Ien grutte finznis. Yn Nederlân komt alle ‘lek en brek’ yn de (sûnens)soarch skrinend boppe wetter. In rjochtstreeks gefolch fan it útklaaien’ fan alle soarchynstellingen en it oanklaaien’ fan de mislearre merkwurking. Beskamsume polityk dus. Ferantwurdlik dêrfoar is kabinet Rutte-Asscher (VVD-PvdA / 2015-2017). Goedkeap is djoerkeap.

Bewegingsromte
Hawar, wy hawwe wer wat mear bewegingsromte krige. Skoallen binne wer begûn en kappers hawwe it drok. Sjongers sjonge online en kroegen steane drûch. De yntelliginte lockdown wurdt stap foar stap omset yn in yntelliginte lockup. Utwreiding fan bewegingsromte is keppele oan persoanlike ferantwurdlikens oangeande it goed omgean mei ôfspraken lykas goed hanwaskje, oardel meter ôfstân hâlde en thúsbliuwe as men snotterich is of kochelje moat. Elkenien hat dêr genôch oer lêze of hearre kinnen.

Gjin koroanalêst
Supermerken, túnsintra, boumerken en retailkeaten lykas Action en Ikea hawwe gjin lest fan de koroanakrisis. Minsken moatte no ienris boadskipje, hawwe tiid om te karweikjen en gruttere winkels hawwe it goed regele om klanten deryn te krijen. Sa stie ik ferline wike sneon sawat in healoere yn de rige foar it keapjen fan in doaske houtskroeven. En doe’t ik dy te pakken hie, moast ik in kertier yn de rige stean om betelje te kinnen. Koroanakarantêne jout tiid foar karweikes, mar kostet ek tiid.

Foto: Frâns Kuipers

Wol koroanalêst
No’t sneins de supermerken en neamde gruttere winkels iepen binne of meie, hawwe lytsere griente-, bakkers-, skuon-, boartersguodwinkels en sa it krekt net sa maklik. Dy krije aloan minder klanten, want – ‘gemak dient de mens’ – alles is te finen ûnder ien dak yn de grutte saken. Sa is giet it no ienris hjoed-de-dei.

Op it stuit kinne lytsere winkels stipe krije fan de oerheid om de leanen betelje te kinnen. Njoggentich persint. Dat is moai. Sawol de provinsje as de gemeenten giene efter de lytse winkelman stean. Politisy roppe minsken op om benammen by de lytsere steds- en doarpswinkels ynkeapen te dwaan. Minsken, keapje lokaal! Online keapje liket my folle skealiker foar de trochsneed lytsere winkels. Dy nije wize fan keapjen falt hast net te bestriden en hat gjin doel. De measte minsken libje, wurkje, wenje en ûntspanne har hiel oars as eartiids. De wrâld is in doarp. De measte lytse doarpen binne ‘deade’ wendoarpen wurden mei moaie grutte wenten, in rom hiem mei plak foar twa of mear auto’s. Yn alle lytsere doarpen steane prachtige tsjerken mei grutte tsjerketourren, as beaken fan it ferline. Bûtenlânske toeristen binne der gek op. Dêr is Holwert-oan-See net foar nedich (Rimmer Mulder, LC 15-5-2020).

Keapje lokaal
Hoe nij is de politike oprop ‘keapje lokaal?’ Doe’t ik fan 1956 oant 1960 nei de Grafyske Fakskoalle yn Grins gie en staazje rûn by printerij (Tiede) Van der Weij yn Ljouwert, wie ik as jongfeint fan 16 jier ‘leerling drukker’. Van der Weij printe ûnder mear it grifformearde tsjerkeblêd fan Ljouwert. Dat waard yn stân holden troch kristen- (en grifformearde) advertearders. Dêrom dat op alle siden fan dat blêd stie: Wat uw eigen gemeenschap u biedt, koopt u in den vreemde niet.

Kuipers Drukkerij* yn It Surhústerfean wie útjouwer fan de Surhuisterveense Courant; in abonneekrante. Underoan alle advertinsjesiden stie: Wat uw eigen dorp u biedt, koopt u in den vreemde niet. Doedestiids hiene alle doarpen foldwaande eigen bakkerijen, slachterijen, grientewinkels, klompmakkerijen, bou- en skildersbidriuwen, fytswinkels en neam it mar op. Doarpsbedriuwen fertsjinnen harren jild oan klandyzje út de eigen doarpsmienskip en fan de weromstuit wiene bedriuwen de sponsers foar sport, muzyk en toanielselskippen fan it eigen doarp. Oer mienskip praat. Dêrom doetiids de oprop oan lêzers om yn eigen doarp ynkeapen te dwaan. Ommers, de iene hân wasket de oare.

___________________________

* Us pake Jan Luitje Kuipers hie in drukkerij yn Snits. Us heit Jan Kuipers begûn yn 1927 in drukkerij yn It Surhústerfean, te witten: Kuipers Drukkerij-Uitgeverij Surhuisterveen. De Surhuisterveense Courant waard letter omset yn De Feanster as in fergeze hûs-oan-hûskrante. Dy bestiet noch hieltyd en wurdt no útjûn troch de Noordelijke Dagblad Combinatie/NDC.
maaie 16, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. D. Kuipers maaie 21, 15:37

    De globalisering en de skaalfergrutting is kompleet út de hân roan. It paad wêrom moat wer útfûn wurde……

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.