Folkshegeskoalle giet op 1 juny wer iepen

maaie 23, 2020 07:43

Fan 1 juny ôf mei de folkshegeskoalle Schylgeralân by Hoarne op Skylge wer iepen en binne kursisten en gasten wer wolkom. De direkteur Amarins Geveke is bliid dat de koroanamaatregels ferromme binne: “Fansels folgje we alle jildende regels fan de oardelmetermienskip dêr’t we no mei te krijen hawwe. Wy dogge der alles oan om dêr sa goed mooglik mei om te gean. In feilich ferbliuw foar ús gasten is foar ús it alderwichtichst.”

Foto © Folkshegeskoalle Schylgeralân

Neffens de rjochtlinen fan de oerheid en de Feilichheidsregio Fryslân mei de folkshegeskoalle fan 1 juny ôf wer groepen oant 30 persoanen ûntfange. Alles is derop taret om gasten en meiwurkers in feilich plak te bieden. Dat hâldt wol yn datin protte wat oars om en ta giet as ûnder gewoane omstannichheden. Mear dêroer is hjir te lêzen.

Strippekaarten kinne fan no ôf fersulvere wurde. Dêr is de skoalle lykwols net mei rêden. Nije strippekaarten kinne noch hyltyd kocht wurde! Dêr wurdt de Folkshegeskoalle mei stipe en de keapers dogge harsels in moai ferbliuw mei kado. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de strippekaart.

maaie 23, 2020 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.