FNP wol ‘slank’ finansjeel belied

maaie 28, 2020 08:51

Sybren Posthumus: “Sunich omgean mei mienskipsjild”

De FNP bliuwt kritysk op de hieltyd oprinnende kosten fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Dy geane mei likernôch 10% jierliks de begrutte ynflaasje fier te boppe. De partij wol lykas de deputearre ta op in ‘slanke’ útfieringsorganisaasje en komt dêrom mei twa moasjes yn de Steaten om de kosten te behearskjen.

Slank, slim en fit
It SNN hat neffens de stikken de ôfrûne seis jier totaal 54% mear koste, hast 10% jierliks der by op. Wylst de provinsje Fryslân yn syn eigen útgongspunten foar de begrutting út giet fan in ynflaasje fan 2,3% foar mienskiplike regelingen lykas SNN. Wurdfierder Sybren Posthumus hat yn de kommisje ferline wike dêrom in moasje oankundige oer de takomstige finansieringsstruktuer: “Ik fernaam dat de deputearre dy ‘sympatyk’ fûn. Hy sei sels ‘slank, slim en fit’. Ik wol in tasizzing dat wy geane foar in slanke útfieringsorganisaasje fan subsydzjes. Dat hat hieltyd it útgongspunt en belied west fan dizze provinsje.”

In ridlike hierpriis
Mei de húsfesting fan it ‘Huis der Nederlandse Provinciën’ yn Brussel leit de FNP ek de finger op it seare plak. De hier fan it HNP is folslein oer de kop gien. Fan € 100.000 nei € 200.000 yn ien jier. De wurdfierder wol witte oft dat te ûnderbouwen falt. Hy freget in ûndersyk oer de merkkonformiteit. Posthumus: “De deputearre fûn it ferline wike legitym om te freegjen nei dy ûnderbouwing. Wy wolle dat de Provinsje skerp bliuwt op de kosteûntwikkeling. Sels as jo fine dat in ferdûbeling yn ien jier tiid te ferdigenjen is, dan noch is fergeliking fan kosten goed. It kin yn de takomst brûkt wurde by ûnderhannelingen oer de hier fan gebouwen. It is wol mienskipsjild.”

Taheakke: FNP-moasje takomstige finansiering SNN en FNP-moasje ûnderbouwing merkkonformiteit kosten HNP Brussel.

maaie 28, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.