Filmseal De Lawei giet 2 juny koroanaproof wer iepen

maaie 24, 2020 08:57 Fernijd

Op 13 maart lêstlyn moast skouboarch De Lawei de doarren slute, mar fan 2 juny oansteande ôf meie de doarren fan de Rutger Hauer-filmseal wer iepen. Mei trije fertoanings fan tiisdeis oant en mei sneons en twa fertoanings sneins kin der op in feilige manier mei minder besikers dochs in folslein filmprogramma oanbean wurde.

Foto: De Lawei

De filmseal giet iepen foar maksimaal tritich besikers de fertoaning. De films wurde ferskate kearen draaid. Under oare De Beentjes van Sint-Hildegard, Marianne & Leonard: Words of Love en Little Women fine har wei werom nei de filmseal. Dêrnjonken is de bernefilm Onward te sjen.

De filmbesite wurdt folslein makke troch de hoareka beheind wer iepen te stellen. Der is de mooglikheid om te genietsen fan in middeismiel, jûnsmiel of drankje. Reservearje foar it middeismiel of it jûnsmiel is ferplichte.

Koroanaproof
De Lawei hâldt him by de weriepening fan de filmseal oan de troch it RIVM stelde betingsten.

– By de doar wurdt in kontrôlepetear fierd;
– Der jildt in tiidsslot de film (maks. 15 minuten fan tefoaren oanwêzich, te let = gjin tagong);
– De oanwizings fan it persoaniel wurde opfolge en de meiwurkers jouwe de sitplakken oan;
– Oardel meter ôfstân faninoar hâlde;
– Faak en goed hanwaskje;
– Desynfektearjende middels brûke;
– Net fûstkje;
– Hoastje yn ‘e earmtakke en net oan it gesicht komme;
– Thúsbliuwe as mensels of ien út de húshâlding klachten hat;
– Der wurdt gjin gebrûk makke fan de garderôbe;
– Gjin húskebesite ûnder de film (foarôf wol mooglik);
– By foarkar fia ynternet kaarten keapje oant op syn lêst ien oere foar oanfang of as it net oars kin tiisdeis en tongersdeis tusken 10.00 en 14.00 oere telefoanysk kaarten reservearje;
– Yn De Lawei is in heldere paadwizer (inkeld tagong fia it Reidingplein) en binne de koroanamaatregels dúdlik oanjûn.

Mear ynformaasje en it folsleine filmprogramma is te finen op www.lawei.nl.

maaie 24, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.