Ferskowen falbile tige koarte ferhalen
Resint ferskynd
It Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien om tige koarte ferhalen te skriuwen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren. De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).
It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 july 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en telefoannûmer.
De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. De útslach komt nei 1 augustus. Dêr kin net oer korrespondearre wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje