Fernijing brêgen Koarnwertersân kin begjinne

maaie 18, 2020 08:32

De fernijing fan it kompleks fan brêgen en slûs yn Koarnwertersân kin yn 2022 begjinne. It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de provinsje Fryslân slute dêr in Bestjoersoerienkomst foar. Betingst is dat Provinsjale Steaten de oerienkomst earst goedkarre. Minister Cora van Nieuwenhuizen en deputearre Avine Fokkens-Kelder kinne de oerienkomst dan noch foar de simmerfakânsje ûndertekenje.

Foto: Wikipedia/Pudding4brains (publyk domein)

Der is keazen foar in fazearre oanpak. It begjint mei de ferfanging fan de brêgen yn de A7; uterlik yn 2025 moat dat dien wêze. Underwilens begjint ek it ferdjipjen fan de soalen yn de Iselmar. Provinsje Fryslân fiert it wurk út. Dat giet yn nauwe gearwurking mei Rykswettersteat, dy’t de eigener fan de brêgen en de slûs is.

Deputearre Fokkens: “Ik bin tige wiis mei it feit dat wy no einliks úteinsette kinne! It is geweldich dat wy dizze brêgen, dy’t faak swierrichheden jouwe, no ferfange kinne. Net allinne yn Fryslân, ek yn ‘e Earste en Twadde Keamer, by oare provinsjes, gemeenten en merkpartijen hawwe in soad minsken har sterk makke foar it fernijen fan de slûs en de brêgen. Wy binne ek bliid dat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat ynstimd hat mei de  fazearre oanpak.”

Oerheid en merkpartijen hawwe de yntinsje dat der privaatrjochtlike regelingen komme foar it ynbarren fan de merkbydrage. Ien dêrfan is dat de oanbelangjende bedriuwen foar elke passaazje betelje foar skippen dy’t oars net yn de slûs passe soene. Nei ferwachting is de merkbydrage yn 12 oant 15 jier betelle.

Fernijen brêgen en slûs
De lingte fan de nije slûs bliuwt itselde. De slûs wurdt tagonklik foar skippen mei in djipgong fan 4,70 m. De breedte giet fan 14 nei 25 meter. Yn stee fan de besteande draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer baskulebrêgen (‘klapbrêgen’ mei in kontragewicht). De twa trochfariepeningen binne aanst 21,5 en 25 meter. De besteande soalen yn de Iselmar en it Ketelmeer wurde ferdjippe, sadat de havens fan Makkum, De Lemmer, Urk, Lelystêd, Meppel en Kampen better berikber binne foar gruttere seeskippen. It sân dat dêrby frijkomt wurdt ûnder oare brûkt foar projekten op de Ofslútdyk, bygelyks de Fiskmigraasjerivier.

Plenning
De plenning is dat de brêgen uterlik yn 2025 ferfongen binne. Foar de soalen en de slûs is ôfpraat dat dy uterlik yn 2028 klear wêze moatte. De dielnimmende partijen wolle perfoarst dat de ambysje, dat de slûs tagelyk mei brêgen klear is, oerein bliuwt.

maaie 18, 2020 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.