Fergeze webinars oer ûndernimmen yn krisistiid
Resint ferskynd
Yn de koroanasituaasje is it foar in protte ûndernimmers in lestige taak om de holle boppe wetter te hâlden. Hieltyd mear ûndernimmers moatte út need it produkte- en tsjinstepakket oanpasse en dêrneist meitsje se gebrûk fan de tiid, troch saken oan te pakken dêr’t de ûndernimming him noch yn ferbetterje kin. Op dy wize binne der de ôfrûne wiken in protte ynspirearjende en fernijende aktiviteiten ûntstien.
Om ûndernimmers dêr fierder yn te stypjen, organisearret Businessevenementen.com – bekend fan lanlike starters- en ûndernimmersdagen – it earste online Business Bootcamp. Op 8 maaie kinne belangstellenden fergeze webinars folgje oer ûndernimmen yn krisistiid. By dy webinars krije ûndernimmers fergees help om de ûndernimming te fersterkjen yn tiden fan krisis. Op 12 en 14 maaie kinne dielnimmers tsjin in lytse fergoeding kennis opdwaan oer it ferbetterjen fan harren marketing, kommunikaasje, sosjale media en yntern belied.
Wa’t mear witte wol oer it programma, de webinars en wa’t him/har oanmelde wol, kin terjochte op www.business-bootcamps.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje