Fergees Frysktalich e-boek foar bern oer it koroanafirus

maaie 3, 2020 08:44 Fernijd

Ofbylding: Afûk

De Afûk hat ferline wike in fergees Frysktalich e-boek foar bern online setten, mei as tema it koroanafirus.

Yn it e-boek wurdt yn begryplike taal útlein wat it koroanafirus is, hoe’t minsken it oprinne kinne, wat der dan mei harren bart, oft der al in medisyn is, saken dy’t thús dien wurde kinne en hoe’t bern sels helpe kinne. By dat lêste hearre dan ek foaral tips lykas hannen waskje ensfh.

Alles mei as doel om it koroanafirus wat better begryplik te meitsjen. Foar it boek is ynbring brûkt fan medyske eksperts, mar ek fan leararen en bernepsychologen. It helpt wurden te jaan oan somtiden drege feroaringen en leit dus út wat bern sels dwaan kinne om fersprieding fan it firus safolle mooglik te beheinen.

It e-boek is in útjefte fan de NosyCrow út Londen en troch de Afûk oerset nei it Frysk. Earder dizze moanne is it ek yn it Nederlânsk ferskynd. It e-boek is fergees del te heljen yn de webwinkel fan de Afûk.

maaie 3, 2020 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.