Fergees e-boek Koos Tiemersma

maaie 20, 2020 08:34

Ofbylding: Koos Tiemersma

Tsien jier ferlyn skeakele Koos Tiemersma, bekend fan romans as De Ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015) oer op it publisearjen fan syn wurk as e-boek. Om it berikken fan dy mylpeal te fieren, stelt er no syn ferhalebondel Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar! – troch de Ljouwerter Krante útroppen ta it bêste Fryske boek fan 2019 – as e-boek fergees beskikber yn sawol in Fryske as Nederlânske edysje.

It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.

Om dit boek te besetten is it genôch om kontakt mei de skriuwer op te nimmen fia syn webside koostiemersma.nl. It e-boek, te lêzen op kompjûter, laptop, tablet, ipad of telefoan, wurdt jin dan fuortdaliks koroanafrij oer de mail tastjoerd.

maaie 20, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.