Fan Piterboarch oant Wliksibama

maaie 28, 2020 07:54

Fan Piterboarch oant Wliksibama

in frijmoedige oanpak yn Frysktalige kartografy

Skôging troch Kerst Huisman

It maaie-junynûmer fan it histoarysk tydskrift Fryslân is útkommen. Ik haw as redakteur fan it tydskrift dizze kear in publikaasje dy’t foar de Fryske taal fan belang is. It stik hjit: ‘Fan Piterboarch oant Wliksibama’. It giet oer Frysktalige oantsjuttingen foar plaknammen bûten it Fryske taalgebiet. Dy oantsjuttingen wurde eksonimen neamd. Se steane foar endonimen oer. Sa is ‘Paris’ it Frânske endonym foar de haadstêd dêr. It Nederlânsk har dêrfoar it eksonym ‘Parijs’, it Frysk ‘Parys’. Ik fyn nammentlik dat wy dêryn folle frijmoediger wêze moatte as ornaris it gefal is.

Dat jildt foaral foar de plak- en wetternammen yn Noard-Hollân en Grinslân. Dat is sa, omdat de taalkundige basis fan hast alle nammen dêr sa Frysk is as it mar kin. Wêrom soene wy bygelyks noch ‘Hoogkerk’ sizze as ‘Heechtsjerk’ likegoed kin? En ‘Midwolde’ yn stee fan ‘Midwâld’? By fierwei de measte Grinslanner nammen kinne wy dy ienfâldige hannelwize folgje. By guon plaknammen dêr is wat mear sneupwurk nedich. Lykas ‘Onderdendam’ dat guon lju mooglik ‘ferfryskje’ wolle soene ta ‘Underdedaam’. Mar de namme fan it doarp komt fan in oarspronklik Ald-Frysk ‘Unlanderena domme’, dat ‘daam fan dejingen dy’t yn it ûnlân libje’ betsjut. Dan soe de moderne Fryske fariant wêze kinne: ‘Unlânerdaam’. Mar de betsjutting kin ek wêze: ‘Daam fan de famylje Ullerma’. Dan soe de krekte Fryske fariant wêze: Ullermadaam, of: ‘Ûlermadaam’.

Ek foar ‘Woldendorp’ is wat mear ûndersyk nedich. Simpelwei oersette as ‘Wâldendoarp’ foldocht net. De let-midsiuwske âld-Fryske foarm ‘Waldmonathorp’ jout oan wat de bêste ferfrysking wêze soe: ‘Wâldmandoarp’ of (omdat it doarp op in wierde leit) ‘Wâldmanterp’. Yn nochal wat gefallen kin de Grinslanner útspraak fan de doarpsnamme sûnder mear oernommen wurde.

Sa hawwe wy ek ‘Callantsoog’, lykas ik de namme fan dit doarp sawat tsien kilometer súdlik fan (net Den, mar De) Helder yn in Frysktalige roman fan mien ik Froukje Annema ris oanjun seach. Dat ‘Callantsoog’ (âlder Kallinge) is yn syn ûntstean in suver Fryske plaknamme. Lykas Steninge yn Stiens feroare, en Harlinge yn Harns, feroare ek Kallinge yn Kallens. Noard-Hollanners dy’t thús binne yn har eigen provinsje, neame it doarp dêrom Kallensoog. Callantsoog is eins in komyske ferskriuwing fan in klerk, dy’t de namme net begriep. Dus gewoan: ‘Kallenseach’.

Wat de beide nammen yn de titel fan myn stik oanbelanget: Mei Piterboarch wurdt ‘Sint Petersburg’ bedoeld en mei Wliksibama ‘Lissabon’. It lêstneamde eksonym giet tebek op de fyftsjinde iuw. Doe waard de stêd yn Portugal troch de Friezen sa neamd. Piterboarch is folle Frysker as ‘Sint Petersburg’, dat Nederlânsk is. Boppedat bewize wy mei Piterboarch ek respekt oan de grutte Russyske taal. De Russen sels brûke yn de sprektaal dat ‘Sint’ meastentiids net. Se hawwe it altiten oer Петербург, dat hja útsprekke as ‘Piterbûrg’, mei hurde G oan de ein. In soad jongelju hawwe it sels oer ‘Piter’, as hja de stêd bedoele. ‘Piterboarch’ fyn ik dêrom folle better en it soe, wat my oanbelanget, sa gau mooglik ynboargerje moatte yn it Frysk.

Yn it stik yn it histoarysk tydskrift pleitsje ik ek foar it meitsjen fan in wiidweidige list fan sokke eksonimen. Ik berop my dêrby op it pleit dat de taalwittenskipper Johannes A. Huisman (Nee, hielendal gjin famylje) yn 1986 yn it blêd Fryske Nammen (útjefte fan de Fryske Akademy) fierd hat foar in frijmoedige Fryske oanpak op dit mêd. Huisman skreau dat eksonimen befoarderlik binne foar it eigen karakter fan in taal. Hy skreau ek: “Het is voor de ‘erkenning’ van een exoniem niet van belang, of het al dan niet door schippers werd of wordt gebruikt. Het is een idee uit de Romantiek, dat de taal in het ‘volk’ of ‘de volksziel’ ontstaat. Alle sprekers van een taal, ook journalisten, onderwijzers, geleerden, zelfs de frisiasten onder hen, behoren tot de ‘spraakmakende gemeente’. De enige norm is, of een vertaald of aangepast buitenlands endoniem, eenmaal door iemand gelanceerd, in het Fries navolging vindt. Algemeen gebruik is niet nodig; veel exoniemen staan in concurrentie met het overeenkomende endoniem.”

Utgeande fan it advys fan Huisman bin ik in skoft lyn úteinset mei it meitsjen fan in Fryske geografyske en taalpolitike atlas, mei kaarten fan de Fryslannen, fan de steaten yn Europa en de wrâlddielen. Krekt as yn de bekende skoalatlassen, mar dan, yn tsjinstelling ta al dy skoalatlassen, folslein yn it Frysk. Ien kaart yn dy trant haw ik pleatst by it stik yn it histoarysk tydskrift: de stêd Grönn en de neiste omkriten op syn Frysk. Dy doch ik hjirby, om út te printsjen en by jo kompjûter op te hingjen. Klik op Grunnen op syn Frysk.

maaie 28, 2020 07:54
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Henk Wolf maaie 28, 11:34

    Kerst, ‘Wliksibama’ is tink net de gaadlikste fermodernisearring fan ‘Wlixibama’, om’t er op basis fan stavering en net op basis fan útspraak of betsjutting makke is. Sjoch dizze stikjes dy’t ik der ris oer skreaun ha:

    https://taalbaas.blogspot.com/2011/09/wlixibama-frysk-foar-lissabon.html

    http://www.henkwolf.nl/lytsguod/#wlixibama

  2. Kerst Huisman maaie 28, 13:34

    Tank, Henk! Sokke opmerkingen bin ik wiis mei. Ik nim dyn opmerkingen mei by de atlas, dy’t ik oan it meitsjen bin. Yn de definitive ferzje sil it grif goed komme!

  3. Sybren Posthumus maaie 29, 13:45

    Goed bodderswurk fan dy, Kerst!

  4. Jaap Slager maaie 30, 00:43

    Wêr is myn Easterparkwyk bedarre?

  5. Kerst Huisman maaie 31, 21:13

    Fuortsanearre tink, Jaap Slager!

  6. pyt jon sikkema juny 15, 10:12

    moi, no’t ik ol in lyts 30 jier yn Grunneger fermiddens ferkear, moat ik konstatearje dat ik yn ‘e praktyk suver altiten doch wat Kerst útstelt: Frysktalige eksonimen brûke. mar de lêste jierren bin ik oerskeakele op it brûken fan Grunneger plaknammen yn myn Frysk en Fryske yn myn Grinzers. ik fyn dat ik as rillik komfortabele fryskprater de emânsipaasje fan it Grunnegers te stypjen hear.
    as stúdzje, of ûndersyk fyn ik in frysktalige kaart fan “de wrâld” tige nijsgjirrich, mar as beweger (dêr’t ik sa’n wurd om skriuw) soe ik leaver in kaart fan NL ha mei de plaknammen lykas dy yn de krite sels brûkt wurde.
    fierders de hertlike groetnis.

  7. pyt jon sikkema juny 15, 23:46

    ik bedoel: altiten frysk foar de plaknammen yn frysk fryslân, en altiten grunnegers foar de plaknammen yn grinslân. pj

  8. LB juny 16, 11:24

    No Sikkema, myn ûnderfiningen mei Grinslanners is dat hja wakker fijannich reagearje kinne allinne al by it hearren fan Fryske klanken. Hja moatte neat ha fan harren Frysk ferline. En trouwens, de fan oarsprong Frysktalige plaknammen hawwe se fersaksyske lykas harren taal. Chrunnegers stiet foar net mear Frysk wêze wolle. Stypje? Wêrom?

  9. pyt jon sikkema juny 29, 12:37

    gewoan om’t it grinzers in taal is dy’t der ûnderstrûpt. en wy ha yn fryslân justjes mear ûnderfining mei sokke saken.
    ik hâld dit koart: jo hâlde jo namme ek nochal koart.

  10. LB juny 30, 17:47

    @Sikkema, Grinzers binne minsken en it Grinslânsk is de ferantwurdlikheid fan de Grinzers en Grinslanners. Ik ha noch nea heard fan Grinzers dy’t krewearje foar it behâld fan it Frysk. Myn namme is Bakker.

  11. Abe juny 30, 20:35

    It docht my sear te betinken dat ús eigen taal nei beppe kelder giet en it bewuste part fan ús taalsprekkers de oare kant op sjucht, of byinoar fantasearre kaartsjes fan Grinslân tekenet mei Fryske plaknammen dy’t folslein los stean fan hoe’t de pleatslike befolking dy plakken al in pear hûndert jier neamd. Kinne wy miskien ek sa’n atlas krije fan Noard-Hollân, Súd-Hollân en Utert. Dat wie oait ek lân dêr’t ‘Friezen’ wennen. Folslein iens mei Sikkema: stypje de Grinslanners dy’t wat foar har taal fiele en doch net krekt as binne it allegear trouweleaze Friezen. Soks soe ek it oansjen fan it Fryske krewearjen op dizze site ferbetterje, want it skynt sa te wêzen dat partij Frysksinnige minsken dit plak mar mije om’t der – neffens har – sa’n bytsje bestekliks nei foarren brocht wurdt en just gauris ûnsin of emosjoneel-histoaryske kitsj. Ik sis dan dat soks wol tafalt en dat ItNijs in tige wichtige Fryske kultuerfersprieder wêze kin. Dat leau ik ek. Mar dan wol graach sûnder sokke jammerdearlike missers.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.