Fakânsjeplakken by de boer poerbêst alternatyf foar fleanreizen

maaie 23, 2020 08:51

Foar it begjin fan de koroanakrisis giene alle jierren ûngefear 5,5 miljoen Nederlanners mei it fleantúch op fakânsje nei it bûtenlân. Dy fakânsjeplannen steane no yn ’e iiskast. Nederlanners ûntdekke fakânsjehâlden yn eigen lân opnij. Rêst, romte en ûntspanning binne de wichtichste fakânsjewinsken. Krekt dat makket fakânsje by de boer unyk!

Foto: pixabay.com

Yn Nederlân wachtsje goed 100.000 ferbliuwsplakken op goed 2.000 pleatsen op de komst fan fakânsjegongers. Boeren mei rekreaasje hawwe de ôfrûne jierren in soad tiid en enerzjy stutsen yn it opsetten fan in unike tûke fan de Nederlânske rekreaasjesektor. Fakânsje by de boer is rêstjaand, grien, aardich en learsum; yn it bysûnder foar húshâldingen mei bern. De koroanamaatregels twinge elkenien om te sykjen nei fakânsjemooglikheden yn eigen lân. Rêst en romte wiene noch nea sa wichtich foar de Nederlânske fakânsjegonger.

Arjan Monteny, foarsitter LTO Multyfunksjonele lânbou: “Nederlanners hoege hielendal net nei it bûtenlân om in fantastyske fakânsje te hawwen. Untdek wat ús eigen lân allegear te bieden hat. De Nederlânske boeren en túnkers steane foar jo klear!”

Wat hawwe Nederlânske boeren en túnkers te bieden?
Gjin razende sneldyk of lûdroftige brommerkes, mar inkeld it lûd fan it fee en oare bisten op ’e pleats binne te hearren by it wekker wurden fan in kraaiende hoanne. Farske aikes fan de hinnen by it moarnsiten en de hiele dei de produkten út de omkriten. It fakânsje-oanbod by de Nederlânske boer is grut mei in soad ferskaat. It kin fariearje fan in boerekemping, lúkse glamping, oant in boerefakânsjewente of in superlúkse saneamde barntinte.

Hjirûnder in pear foarbylden:

  • Mei boatsjes farre op de mar de Wide Aa, in workshop komelken, en Farm Summer Nights. De fakânsjedei ôfslute by de waarmte fan in kampfjoer en goede (boere)ferhalen by Mirjam en John van der Salm mei lúkse fakânsjehúskes op harren iuwenâlde pleats Mariahoeve yn Woubrugge.
  • In ferbliuw yn boeresafarytinten, breed opset, sfearfol ynrjochte, rolstoelfreonlik en mei in eigen baaikeamer mei útsjoch oer it lân mei op de eftergrûn de Lemelerberch en de Archemerberch op boerekemping De Vos yn de Vechtdelling.
  • Gastfrijens en persoanlikheid troef by minykemping Klaverwijk yn Colijnsplaat, yn it rêstige efterlân fan de provinsje Seelân. Strân en de Veerse Mar fuortby. Fytse en kuierje by it wetter en de blomrike rânen lâns dy’t de boulannen omseamje.
  • Natuerkampearplakken, tinyhouses, ekolodges en gasteferbliuwen mei spultsje-aktiviteiten, in escapetocht en workshops. En fierder aardige en learsume tochten lykas it kabouterpaad en GPS-skatsykje op it bûten Barendonk yn Beers (NB).

Hoe in boer en boerinne te finen?
Al dy rêst, romte, gastfrijens, autentisiteit, persoanlike oandacht en aardige aktiviteiten, koartsein it bûtenlibben op in kemping of boere-akkommodaasje, is neist streekrjocht by de boer ek fia ferskate oanbieders te boeken. In seleksje út it oanbod:

  • VEKABO
  • Stichting Vrije Recreatie
  • Farmcamps
  • Groepen.nl
  • Natuurhuisje.nl
  • Origineel overnachten
  • Dichterbij de Boerderij
  • Groene Hart logies

“Rekreaasje by de boer hat de ôfrûne jierren in ûnbidige profesjonalisearringsslach trochmakke”, seit Goof Lukken, dosint toerisme by Breda University of Applied Sciences. “Sawol de kwaliteit fan de ferbliuwen as it totale oanbod fan de ûnderfining makket rekreaasje by de boer al jierren in flinke konkurrint fan de grutte fakânsjeparken en fleanfakânsjes. In oantal foarrinners is deryn slagge om toerisme en it agraryske bedriuw te kombinearjen ta hiel moaie rekreaasjeprodukten.’

Agrarysk toerisme is in bloeiende, groeiende sektor
It oantal boeren dat rekreaasje oanbiedt is sûnt 2013 mei goed 10% tanommen oant ûngefear 3.140 bedriuwen. It giet om 720 boerekempings, 380 B&B’s, 500 húskes of apparteminten by in agrarysk bedriuw en ûngefear 400 groepsakkommodaasjes. It oantal B&B’s op it plattelân is gigantysk groeid. It oantal akkommodaasjes foar groepen is hast ferdûbbele fan 284 yn 2013 nei 400 yn 2018. De kapasiteit is ek grutter wurden fan yn trochsneed 20 nei 30 persoanen. By deirekreaasje is it oantal agraryske bedriuwen dat aktiviteiten oanbiedt sûnt 2013 licht omheechgien oant 1.920. Yn de deirekreaasje biede de measte bedriuwen sawol losse aktiviteiten oan as arranzjeminten (ynklusyf iten en drinken).

Hieltyd mear agraryske bedriuwen kombinearje de produksje fan iten en grien mei de levering fan maatskiplike produkten en tsjinsten, lykas rekreaasje. Dy Multyfunksjonele lânboubedriuwen ferbine boer en boarger en foarmje in sektor mei in soad potinsje. LTO Nederlân wurdearret de ferbinende rol en skat dat dy fan grutte betsjutting is foar de hiele lân- en túnbousektor.

LTO Nederlân
LTO Nederlân is de nasjonale en ynternasjonale fertsjintwurdiger fan Nederlânske boeren en túnkers. LTO stipet en behertiget de belangen fan 35.000 leden fan de ferieningen LTO Noord, ZLTO en LLTB. De trije regionale LTO’s fertsjintwurdigje de belangen fan de ûndernimmers út de lân- en túnbousektor yn harren provinsje(s) en gemeenten. Mei-inoar sette dy har yn foar sûne bisten, planten en gea en foar wichtige maatskiplike útdagingen dy’t relevant binne foar de sektor.

maaie 23, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.