Facebook nimt gifkes-platfoarm Giphy oer

maaie 16, 2020 11:30

Facebook hat it gifkes-animaasjeplatfoarm giphy.com oernaam. Neffens de Amerikaanske nijsside Axios hat Facebook der 400 miljoen dollar foar betelle. It platfoarm wurdt yntegrearre yn Instagram, dat ek yn hannen fan Facebook is.

Gifkes binne koarte harsels werheljende filmkes mei sênes út films en telefyzjesearjes dy’t op sosjale media brûkt wurde om emoasjes te uterjen, bygelyks blidens, fernuvering of teloarstelling. Facebook ûnthjit dat de gifkes fan Giphy ek foar oare sosjale media as Facebook en Instagram beskikber bliuwe.

maaie 16, 2020 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.