Enoarme fraach nei e-fytsen yn Italië
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
It regear fan Italië hat as ûnderdiel fan in ekonomysk stimulearringsplan in bonus oankundige foar e-fytsen. Sechtich persint fan de oankeappriis krije ynwenners fan de oerheid werom, mei in maksimum fan 500 euro. Dat oerheidsinisjatyf hat foar in protte twiveljende minsken it ferskil west om dochs in fyts te keapjen.
It gie al hiel goed mei de merk foar e-fytsen yn Italië. Fiif jier lyn waarden der sa’n 56.000 elektryske fytsen ferkocht, yn 2019 wie dat al 195.000. Mar foaral de ôfrûne dagen is de belangstelling groeid. Ferskate spesjalisearre ferkeapers fan e-fytsen seagen de fraach mei sechtich persint tanimmen of hiene in rige foar de doar stean.
Op it stuit is Italië noch in tige motorisearre lân. Mei 625 auto’s op tûzen ynwenners hat allinnich Lúksemburch mear auto’s de ynwenner yn Europa. Dêrnjonken wurde yn Italië al jierrenlang de measte scooters ferkocht (sa’n 230.000 yn 2019). Dat soarget foar in protte fersmoarging, foaral yn de grutte stêden. Dêrom is yn stêden as Milaan en Rome besletten om yn te setten op in griener ferfiersbelied. Yn beide stêden binne kilometers oan nije fytspaden oanlein, ek om romte te meitsjen foar de subsidearre e-fytsen. Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 23 april lêstlyn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje