Ekstra provinsjale help yn koroanakrisis

maaie 14, 2020 08:27

De provinsje Fryslân set dit jier op syn minst 5 miljoen euro ekstra yn foar it stypjen fan bedriuwen en organisaasjes dy’t troffen wurde troch de koroanakrisis. Dat bart njonken al besteande regelingen, belied en projekten yn dizze koroanakrisis. De oanfoljende needhelp is bedoeld foar de weropbou. De krekte ynfolling fan it pakket fan regelingen wurdt de kommende tiid troch Deputearre Steaten útwurke en oan Provinsjale Steaten foarlein.

Neffens deputearre Sander de Rouwe hat de provinsje yn de ôfrûne jierren bewust jild efter de hân holden foar ûnfoarsjoene tiden. Dy binne no oanbrutsen. De koroanakrisis is in nasjonale krisis. Dy freget om nasjonale maatregels. De provinsje kin wêr’t dat nedich blykt oanfoljend helpe. Yn de kommende tiid sil besjoen wurde wat de provinsje, mei partners, foar de brede wolfeart yn Fryslân dwaan kin. It is fan belang dat de provinsje fluch hannelje kin.

De ôfrûne wiken binne al in oantal maatregels troffen. Dy koene út besteande budgetten betelle wurde. Dat sil net altyd kinne. Dêrom wurdt yn 2020, fia de Earste Bestjoersrapportaazje 2020, in breed koroanabudzjet fan € 5 miljoen beskikber steld. Dat kin foar ferskillende beliedsterreinen ynset wurde, benammen foar struktuerfersterkjende effekten op de (middel)lange termyn.

maaie 14, 2020 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.