Ekstra koroanatestlokaasjes fan moandei ôf yn Drachten en Snits

maaie 30, 2020 08:47

GGD Fryslân wreidet it tal plakken út dêr’t minsken mei klachten terjochte kinne foar in koroanatest. Fan moandei 1 juny ôf binne dêr twa nije lokaasjes yn Drachten en Snits foar beskikber. Yn Ljouwert is sûnt begjin april in testlokaasje. Yn totaal kinne der op de trije lokaasjes deis mear as tûzen koroanatesten ôfnommen wurde.

Foto: GGD

Minsken kinne har allinne teste litte as se klachten hawwe en foarôf in ôfspraak makke hawwe. Mei de útwreiding ferwachtet GGD Fryslân alle Friezen dy’t klachten hawwe op ’e tiid teste te kinnen.

De gebouwen dy’t de GGD brûke mei, binne in leechsteande skoalle yn Drachten fan it Gomarus Kolleezje oan ’e Ikesingel en de leechsteande sporthal De Spil oan ’e Molekrite yn Snits. Op alle lokaasjes binne trije teststrjitten beskikber. De ferwachting is dat net alle lokaasjes en teststrjitten daliks nedich binne. Yn elts gefal is de lokaasje yn Ljouwert moandei yn gebrûk. As it nedich is, is de kapasiteit gau út te wreidzjen mei Drachten en Snits, oant tûzen testen deis.

Foarôf ôfspraak meitsje
Wa’t klachten hat en him teste litte wol, moat dêrfoar in lanlik telefoannûmer belje. De lanlike GGD makket moandeitemoarn om 8.00 oere bekend hokker nûmer dat is. Yn it telefoanpetear folget de beoardieling oft in test yndied doel hat. Allinne as dat sa is, wurdt der in ôfspraak makke en kin men nei in testlokaasje ta. Der samar hinne gean, hat gjin doel.

De bedoeling is dat eltsenien dy’t him teste litte mei, binnen 48 oeren yn in testlokaasje terjochte kin. Besmette persoanen geane dêrnei yn isolaasje en harren húsgenoaten krije it driuwende fersyk om 14 dagen yn thúskarantêne te gean.

Om de reisôfstannen net te grut te meitsjen en te grutte drokte op in lokaasje foar te kommen, is foar sprieding yn de provinsje soarge. De GGD leit noch mei de Waadeilannen oer wat de bêste oplossing is foar de bewenners dêr.

De advizen om de ôfstân lyts te hâlden, te hanwaskjen en yn gefal fan klachten út foarsoarch thús te bliuwen, jilde noch hieltyd.

maaie 30, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.