“Een symbolisch dialect”

maaie 6, 2020 07:03

Ynstjoerd

GGD
It wie yn de Leeuwarder Courant fan tongersdei 30 april dêr’t Willem Bosma skreau: “Waar blijft het ‘firus’?” Sûnt it begjin fan de koroanakrisis hâldt GGD Fryslân de ynwenners fan Fryslân deistich op ’e hichte fan de lêste ûntwikkelingen. Yn it earstoan yn ús eigen taal, it Frysk. Dat wie rillegau oer en nei in pear dagen koe GGD Fryslân fanwegen protokollen allinnich noch mar yn it ‘Nederlands’ kommunisearje. In aldernuverst by-effekt, sille we mar sizze. De earste wike ferspruts de GGD-wurdfierder har noch wol gauris op Omrop Fryslân, mar yntusken wurde de Friezen eltse dei yn it Hollânsk op ’e hichte brocht. Soks docht skea oan it Frysk. Jo meie it Frysk wol prate, mar sa gau’t saken serieus wurde, dan docht it Frysk net mear mei, sels yn Fryslân net!

De meartalige gemeente?
Yn gemeente Waadhoeke spile yn 2019 in diskusje oer de plaknammen: de gebietseigen Biltske en Fryske nammen werom, as de status-quo: in oermacht oan Hollânsk. De eigen nammen binne net weromkommen. Ids Hellinga, foarsitter fan de PC Frentsjer sei ferline jier by syn iepeningstaspraak fan de 166ste PC dêroer: “Wy kinne wol better de taal foar it fuotljocht bringe wolle en derop oan trune by de minister fan Ynlânske saken, frou Ollongren, mar wy litte it hjir sels ek nei om der wat oan te dwaan. Wêrom soene se yn De Haach dan hurder begjinne te rinnen?” Dêrmei lei er de finger op it seare plak.

Waadhoeke hat yntusken it taalbelied fêststeld en wol yn de kommunikaasje de ferskate talen trochinoar brûke. Belied is moai, no de útfiering noch en krekt dêr giet it hieltyd wer mis. Neist de gemeente Waadhoeke binne der tal fan oare gemeenten dy’t harren ôfspraken yn it taalbelied mar min neikomme, benammen op it mêd fan Frysk en/of streektalen.

Fletcher hotels
Fan ’e wike twittere Eric Ennema fan Omrop Fryslân in stikje tekst fan de hotelfirma Fletcher. Dy wol toeristen nei Fryslân helje mei de ‘ferliedlike’ tekst: “Niet alleen het symbolische dialect laat je wanen in een totaal andere omgeving (…)”. Blykber is it byld bûten Fryslân dat ús taal mar in symboalysk dialekt is. Dat wy sa sleau mei ús eigen taal omgeane, sil grif mei dy byldfoarming te krijen hawwe.

Salang’t ynstitúsjes lykas GGD Fryslân by serieuze saken nei inkelde dagen al bûge as in knipmes en it Frysk fersmite, salang’t gemeenten harren eigen taalbeliedsplanôfspraken mar selektyf neikomme en salang’t bestjoerders en oaren harren ferantwurdlikens oangeande de (streek)taal net pakke, miskien meie wy it dan Fletcher net iens sa kwea ôf nimme en kriget Ids Hellinga gelyk.

Chris van Hes, De Jouwer
Aant Jelle Soepboer, Nijewier
Sijbe Knol, Sint-Anne

 

maaie 6, 2020 07:03
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Lútsen maaie 6, 10:43

    @…”de ferskillende talen trochinoar brûke…” Ferkeard. De provinsjale oerheid moat stelling nimme troch yn it Algemien Erkende Frysk te kommunisearjen mei syn boargers, net yn ûnderskate dialekten. Serieuze koroanamaatregels buorkundich meitsje mei it útjaan fan ludike cartoons yn ûnderskate dialekten is aardich, mar tsjûget nei myn betinken fan in twaslachtige hâlding: alle dialekten yn Fryslân ferheffe ta taal of it Frysk ta dialekt ferleegje. Gjin wûnder dat de bûtensteander it ien grutte tizeboel fynt.

  2. Lútsen maaie 6, 15:25

    Ja, dêr doel ik op. Mar ik ferwiis ek nei hjirboppe: “…mar sagau’t saken serieus wurde, dan docht it Frysk net mear mei…”. Dan kriget it Frysk ynienen wer de status fan dialekt. Dêrom sis ik hulde oan kommissaris fd kening Arno Brak, dy’t by de deadebetinking as iennige in Frysktalige rede útspruts. Ik wol leauwe dat er dêr sels op oanstien hat dat it yn ‘t Frysk sein wurde soe. In goede ynstelling fan in net-Fries en it goede foarbyld foar it provinsjaal bestjoer.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.