Earste Fryske Facebookroman ferskynd by de Afûk: ‘De raven’

maaie 15, 2020 08:53

“Al wie ik, doe’t ik op 23 maaie op Facebook in optocht stikje oer in broer skreau, alhiel net fan doel om dêr in feuilleton fan te meitsjen, dat is wat it waard.” No, in jier letter, ferskynt it doe skreaune feuilleton fan Elske Schotanus as alderearste Fryske Facebookroman by de Afûk.

Ofbylding: Afûk

De raven is in spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en har trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal, dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard. “Yn it begjin sloech ik inkeldris in dei oer, wiene de postings noch frij koart, mar al gau krige it proses my folslein yn ’e besnijing. It wie in aventoer dêr’t ik mysels op ’e dolle roes yn bejûn hie”, sa seit Elske.

Op Facebook binne minsken entûsjast: “It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.”

Boekgegevens
De raven | Skreaun troch: Elske Schotanus | Untwerp: Monique Vogelsang | Ferkeappriis: € 18,50 | Tal siden: 214 | ISBN: 978 94 93159 34 1 | Utfiering: paperback | www.afuk.frl

maaie 15, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.