DNK Assen mei ‘Smaakvol Theater’ winner noardlike kultuerpitchwedstriid

maaie 16, 2020 11:13

Teäter DNK (De Nieuwe Kolk) yn Assen is mei it idee Smaakvol Theater de winner fan de kultuerpitchwedstriid, útskreaun troch de noardlike oerkoepeljende kulturele ynstellingen, partners en marketingsorganisaasjes. De organisaasjes diene in oprop op de fernimstigens fan de makkers fan Fryslân, Grinslân en Drinte om de kulturele sektor in ympuls te jaan yn it ‘nije normaal’. Mei relevante partijen wurdt it idee útwurke, sadat it echt útfierd wurde kin yn stêden en doarpen yn (Noard-)Nederlân.

Foto: ThomasVaer Fotografie

Bêste idee út 127 ynstjoerings
Der binne mar leafst 127 ynstjoerings op de iepen oprop ynkaam. De presjuery selektearre tsien ideeën dêr’t de sjuery Smaakvol Theater unanym út keas as bêste idee. Smaakvol Theater is in konsept dêr’t teäter en hoareka de hannen by yninoarslaan. Teäters programmearje in solo-artyst (of duo/trio) foar harren teäter. Parallel oan de foarstelling servearje ferskate restaurants in menu foarôf en ûnder de foarstelling. Yn it teater sjocht it publyk de sjo en tagelyk belibje de gasten yn de dielnimmende restaurants streekrjocht deselde foarstelling fia in streamingtsjinst.

De sjuery priizge it idee ûnder oare om de win-winsituaasje. “It poadium, de artysten én de restaurants hawwe wat te winnen yn dit konsept. It is boppedat goed helber én skaalber”, seit sjuerylid Seerp Leistra, bestjoerslid Stichting Beringer Hazewinkel. It idee kriget stipe fan ûnder oare de noardlike marketingorganisaasjes en VNO-NCW en MKB-Noard om it sa te meitsjen dat it ienfâldich troch oaren oer te nimmen is, sadat it yn hiel Nederlân tapast wurde kin.

Top 5 bêste ideeën
De sjuery kaam ta in top 5 fan bêste ideeën. Annebelle Birnie, direkteur Amsterdam Fonds voor de Kunst en foarsitter fan de sjuery lit witte dat de sjuery ûnder de yndruk wie fan it ferskaat en kwaliteit fan de ynstjoerings. “De kultuersektor yn Noard-Nederlân is ynvintyf, slachfeardich en op de takomst rjochte, ek yn dizze covid-19-perioade. Ik hoopje dat it projekt fan de winner in protte neifolging kriget.”

Fjouwer ynstjoerings krigen in twadde o/m fyfde plak takend:
2. Globe van Groningen fan Marcel Hensema e.o.
3. Video Feuilleton fan Joop Mulder, Sense of Place
4. Hoog in het Noorden Bauke van der Laaken, Peter Duinkerken, Wijnand & Thijs Helfrich
5. Kloset – Sjoerd Kooistra

Mear ynformaaasje oer dy ideeën is te lêzen fia www.vno-ncwnoord.nl/top5cultuur.

Bliid mei erkenning
Ruud Linders, manager marketing en sales by DNK is oertsjûge fan it belang en de ynfloed fan kulturele organisaasjes foar stêd en regio. “Mei kreativiteit en ûndernimmerssin wolle wy it teater yn de oardelmetermaatskippij wer ta folle bloei komme litte. Hoe moai is it om dêr erkenning foar te krijen. Wy hoopje mei it projekt ek de swier troffen hoareka helpe te kinnen. Wy stean te popeljen om mei de hoarekaûndernimmers gear te wurkjen en it publyk wer ûntfange te kinnen.”

Inisjatyfnimmers
It is in inisjatyf fan VNO-NCW Noard, MKB-Noard, NDC Mediagroep, Marketing Drinte, Merk Fryslân, Marketing Grinslân en Stichting Beringer Hazewinkel. Yn gearwurking mei Keunstwurk, LF2028, Museumfederaasje Fryslân, Biblionet Grinslân, CGTC, De Verhalen van Groningen, Erfgoedpartners, Vrijdag en Stichting Kunst & Cultuur.

Mear ynformaasje is te finen op www.vno-ncwnoord.nl/cultuurpitch.

maaie 16, 2020 11:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.