Dizige Oranjedeals

maaie 18, 2020 09:03

Ynstjoerd

De Stiennen Man (foto Wikimedia Commons © Bouwe Brouwer)

Lykas bekend stiet by Harns it stânbyld fan de Stiennen Man, in Januskop mei twa gesichten. Dat byld ropt by my assoasjaasje op oan kening Willem Alexander. Hy toant ek twa tsjinstridige gesichten: oan de iene kant stelt er him op as de wize ‘Vader des Vaderlands’, dy’t noed foar syn folk hat yn dizze drege koroanatiid. Dat byld droech er út yn syn gefoelige taspraak op Keningsdei, dêr’t it folk fol lof oer wie. Yn hoefiere oft de kening sels de tekst opsteld hat, bliuwt in riedsel. It kin fansels ek west hawwe dat in betûfte tekstskriuwer dat dien hat. Mar sûnder twivel net sûnder ynstimming fan de kening sels.

Lykwols, op basis fan it telefyzjeprogramma Koninklijke Constructies fan Zembla op 14 maaie l.l. krije wy in hiel oar byld fan Willem Alexander as haad fan ús keningshûs. It byld fan in man dy’t hannelet út eigenbelang en dy’t him net folle oanlûkt fan de belangen fan Nederlân en de Nederlanners. Sa wol it keningshûs fêsthâlde oan it rjocht om kostbere, ûnferfangbere keunst dy’t yn de ûnderskate paleizen hinget, te ferkeapjen. It keningshûs joech Nederlânske musea net iens it foarkarsrjocht om te bieden op in seldsume atlas dy’t ferkocht waard oan multymiljonêr Fentener van Vlissingen. Slimmer noch is de ûnthulling dat Willem Alexander jierliks tonnen subsydzje opstrykt foar ûnderhâld fan de kroandomeinen by Apeldoarn, wylst offisjeel net iens hy mar de steat dêr eigener fan is. En dat njonken syn ‘salaris’ fan 5,5 miljoen euro yn it jier belestingfrij (los fan miljoenen oare ynkomsten). Juridysk sjoen moat de kening de kroandomeinen it hiele jier iepenstelle foar it grutte publyk, mar dat wegeret er trije moannen yn it jier, omdat er gjin hantsjekikers wol by syn wrede jachtpartijen. Dat it regear soks kritykleas goedkart toant wol oan hoe’t yn dit lân omgien wurdt mei leden fan it keningshûs: dy steane boppe de wet. Premier Rutte fynt it allegearre bêst. All animals are equal but some are more equal than others.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

maaie 18, 2020 09:03
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga maaie 18, 09:17

    No wurdt IT NIJS ek al fersmoarge troch “deals”. Dat binne ôfspraken.

  2. Johannes Rozenga maaie 22, 21:14

    George Orwell, pseudonym foar Eric Arthur Blair. út it boek 1984: Alle dieren binne gelyk, mar sommige dieren binne mear gelyk as oaren.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.