Dichter en skilder Bartle Laverman (72) stoarn

maaie 11, 2020 15:52

Bartle Laverman (foto: Haye Bijlstra/Tresoar)

Op 8 maaie is dichter en keunstskilder Bartle Laverman ferstoarn. Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en filosofyske pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude. Hy wurke as dosint filosofy op Academie Minerva te Grins.

As dichter debutearre Bartle Laverman mei it fers ‘Forsiking fan it Hillige ik yn literêr tydskrift De Tsjerne (nû. 7/8-1968). Dêrnei publisearre er ûnder mear yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Fan Trotwaer makke er diel út fan de redaksje yn de jierren 1971-1976.

Syn earste dichtbondel, It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries), ferskynde yn 1969. It stripferhaal Jodokus, dat yn 1973 as ekstra nûmer fan literêr tydskrift Trotwaer út kaam, skreau er ek yn ’e mande mei De Vries. Laverman blykte in produktyf dichter te wêzen, nei syn debútbondel yn 1969 ferskynde der in fiks oantal bondels fan syn hân. Syn lêste bondel wie In echte Fries, dy’t yn 2016 útkaam.

Bartle Laverman wie 72 jier.

Boarne: Sirkwy

Lês ek it fraachpetear dat Hedwig Terpstra yn 2017 mei Bartle Laverman hie foar literêr tydskrift Ensafh.

maaie 11, 2020 15:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.