Deade by fleantúchûngelok mei Kanadeeske benefytsjo

maaie 18, 2020 09:04

By in fleansjo fan de Kanadeeske loftmacht, bedoeld om Kanadezen yn de koroanakrisis op te moedigjen, is snein in fleantúch delstoart. Ien persoan is om it libben kaam, in oarenien rekke swierferwûne.

Foto: pixabay.com

Ut fideobylden docht bliken dat twa tastellen tagelyk opstiigd binne. De efterkant fan ien fan de fleantugen soe dêrnei nei boppen draaid wêze, wêrop’t it tastel nei ûnderen stoarte en eksplodearre. De piloat koe himsels mei in sjitstoel út it fleantúch lansearje. Neffens de loftmacht binne de ferwûnings fan de piloat net libbensbedriigjend. In froulike bysitter is om it libben kaam. “Ien lid fan de Snowbirds fan de Kanadeeske loftmacht is ferstoarn en ien hat slimme ferwûnings oprûn”, lit de loftmacht op Twitter witte. De lokale autoriteiten berjochtsje dat it fleantúch op in hûs telâne kaam is en dat dêrtroch brân ûntstie. It is net bekend oft op dat stuit minksen yn it hûs wiene.

De fleansjo fan it Snowbirds Aerobics Team fan de Kanadeeske loftmacht wie yn Kamloops yn de provinsje Brits-Kolumbia, sa’n 320 kilometer benoardeasten fan de stêd Vancouver. De Snowbirds wiene dwaande mei in tour om de gemoedstastân fan minsken yn de koroanasituaasje te ferbetterjen.

Resint wiene de Snowbirds ek behelle by in oar ûngelok. Yn oktober stoarte in tastel del yn de omkrite fan de Amerikaanske stêd Atlanta. By dat ynsidint waard de piloat ek foar it delstoarten mei in sjitstoel lansearre.

maaie 18, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.