De wei

maaie 10, 2020 08:00

Meditaasje

Jezus sei: ‘Ik bin de wei, de wierheid en it libben’ (Johannes 14:5). Dy wurden fan ús Hear stean foar snein 10 maaie op it lêsroaster, mar fanwegen de koroanakrisis binne de tsjerken noch ticht. Tagelyk kinne wy lykwols yn dizze tiid krekt de wierheid fan dy wurden ûnderfine dy’t Jezus op ’e jûn foar syn dea ta syn freonen spriek.

My jout it teminsten hoop en betrouwen as ik om my hinne sjoch dat minsken dizze wei geane. Miskien wol sûnder dat se kristen binne, kenne wy in soad de hannel en wannel fan ús Hear yn harren dwaan werom, en binne hja in segen foar harren neisten.

Koartlyn checkte ik lykas ik dat wend bin de mail fan itensbank De Helpende Hand. Der wie krekt in lyts berjocht stjoerd fan ien út ’e omkriten fan Harns. Hy bea syn help oan: Hjirby wol ik my opjaan as frijwilliger foar de voedselbank. It advys is ‘bliuw thús’, mar ik wol ek wol wat dwaan foar oare minsken dy’t it swierder hawwe as ik. Soks meitsje wy by de itensbank mear mei de lêste tiid. En dat komt fansels goed út, want ferskate fêste meiwurkers binne boppe de 70 en moatte ekstra oppasse.

Letter op ’e middei fûn ik by ús yn de gong in slúfke mei it opskrift ‘Voedselbank’. Dêr siet goed € 100 (!) yn en in kaart mei de tekst: spitigernôch kin ik gjin jild oermeitsje, in protte súkses! Ekstra bysûnder is dat der op de kaart gjin ôfstjoerder stiet. Dat de mylde skinker wol anonym bliuwe.

Jonge spilers fan fuotbalklup Zeerobben yn aksje foar de itensbank (foto Frans Bode)

Sokke uteringen fan belutsenheid en hertlikens reitsje ús djip as itensbankteam. Dat binne saneamde wurken fan barmhertichheid.

Nee, de koroanakrisis is foar mannichien in minne tiid fanwegen iensumens en noeden. En wy witte net wat ús noch boppe de holle hinget. Mar sokke dieden binne in bemoedigjend teken dat Gods Geast ek yn ellindige tiden by ús is en it bêste yn minsken foar it ljocht bringe kin: leafde foar de neiste.

Ik wit wol dat de wurden fan Jezus oer de wei, de wierheid en it libben gauris eksklusyf lêzen binne, as soene allinne wiere kristenen by de himelske Heit komme.

Ik begryp dat net. De wei dêr’t Jezus oer spriek, slacht op de halacha, de Joadske oantsjutting fan in libben neffens de geboaden. Foar Jezus wie en is it hert fan de Gods geboaden de barmhertichheid. Sa hat er sels ek libbe. Dy barmhertichheid hat er wier makke. As Hy dan seit: ik bin de wei, dan giet it om de wize wêrop’t Hy dy barmhertichheid útdroegen hat. ’Minsken fan de wei’ neamden de earste kristenen harsels, minsken dy’t dizze barmhertige wize fan leauwe, hoop en leafde beoefenje woene. (Hannelingen 9:2). En as ik dan hear hoe’t in ferpleechkundige har foar trije wike opslute liet yn in hûs foar bern mei in beheining, om sa dy bern feilichheid te bieden, dan sjoch ik dêr de Geast fan Kristus yn oan it wurk. Dan wit ik: dêr kloppet it hert fan de skepping, it hert fan de Skepper, dêr wurdt de djipste wierheid en bedoeling fan it bestean efkes sichtber.

Earlik sein wit ik net krekt wa’t God is, hoe’t God is. As ik oer Him neitink, is it oft ik besykje nei bûten te sjen troch in beslein rút. Mar ik kin o sa bliid wurde fan it kristlik boadskip dat de hannel en wannel fan Jezus it paad foarmet tusken ús en God. De oertsjûging dat de besieling fan ús Hear karakteristyk is foar de Geast fan God.

Jezus is in iepen rút dêr’t wy wat fan God troch sjen kinne.

Lit ús hoopje dat wy in protte dieden fan barmhertichheid om ús hinne sjen sille, dy’t fermoedens fan Gods belutsenheid yn ús wekker meitsje en ús moed jouwe om it út te hâlden yn nuodlike tiden.

Cees Glashouwer, Harns

maaie 10, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.