De twa reuzen

maaie 23, 2020 06:52

Folksferhaal

neiferteld troch Matthijs Verkuijl

As der gjin koroanakrisis west hie, soe hjoed, 23 maaie, yn Akkrum de Reuzedei holden wêze. Dat jierliks weromkommend evenemint dêr’t duorsumheid en nije foarmen fan enerzjywinning en de tapassing dêrfan sintraal op steane. Wêrom’t dy dei Reuzedei hjit? Wolno, Akkrum hat wat mei reuzen. Hoe’t dat komt, wurdt dúdlik troch it ûndersteande folksferhaal.

In hiel skoft lyn, om 1400 hinne, wiene twa reuzen fan doel om har nei wenjen te setten hjir yn de midden fan it lettere Fryslân. Mar dat plak wie doedestiids slim te berikken. Dat der moast in sleat groeven wurde. De iene kant op nei Aldeboarn ta en de oare nei it noarden yn de rjochting fan Jirnsum. Dêr giet dit gedicht fan Jogchum Dijkstra (1943-2016) oer:

foto © Matthijs Verkuijl

De reuzen

Lang ferlyn, mar net ferjitten,
doe’t ús doarp gjin namme hie,
wienen reuzen hjir oan ’t spitten,
omdat nearne wetter wie,
groeven sleatten troch it lân
mei de skeppe yn de hân.

Manke Meine hiet de iene,
Kromme Knillis wie de oar.
Groeven hjir de Boarn, mar hiene
ek noch spul mei elkoar.
Meine sei: “Ik ha myn nocht.
Do graafst sleatten mei in bocht!”

Kromme Knillis stiek syn skeppe
yn ’e grûn en seach ris om.
En hy seach, nei al syn skreppen,
ja, de Boarn wie wol wat krom.
Mar hy lake lûd: “Ah krom,
sjoch ris oan ’t is krom, ja krom.”

Meine wurke doe allinnich,
groef de Meinesleat kearsrjocht.
Knillis makke eigensinnich
Kromme Knillis mei in bocht.
En hy song: “Ah krom, ah krom,
’t moaiste plakje is Akkrom.”

En sa hjit ús doarpke letter:
Akkrum, pearel oan de Boarn.
Yn it hert fan Fryslâns wetter
leit ús doarpke wûnderskoan.
En yn Akkrum, bim bam bom,
is de Boarn ek hjoed noch krom.

Op dit stuit is Akkrum net allinnich bekend fanwegen dit ferhaal, mar fansels ek troch syn skûtsje, ferskate ynwenners lykas Foppe de Haan en de bruorren Anker, mar ek troch it prachtige gebou Cooperburch.

Midden yn it doarp stiet in kafee: Kromme Knilis, sa neamd om’t dy reus in gemoedlik persoan wie en net te folle drokte oan ’e plasse hawwe woe.

Wa’t de twa reuzen sjen wol, moat wat fierder it doarp út, by de Boarn lâns. Dêr leit in lyts skiereilân mei de hiele grutte figueren fan Manke Meine en Kromme Knillis (foto).

It gedicht fan Jogchum Dijkstra is mei tastimming fan syn erfgenamt Pier Dijkstra oernommen.
maaie 23, 2020 06:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.