DE NIJE. It nije Fryske tydskrift leit wer yn de winkel
Resint ferskynd
DE NIJE It folslein Frysktalich tydskrift mei ûnderwerpen út en oer Fryslân is wer te krijen. It tydskrift, dat alle kearen in oar tema hat, ferskynt fjouwer kear jiers. It leit mei yngong fan it kommende wykein (it earste wykein yn maaie) wer foar € 4,95 yn boekhannels, by Bruna’s, Primera’s en yn supermerken (yn alle gefallen by de Poiesz).
DE NIJE It tydskift hat as tema: rekreaasje en toerisme. De redaksje hat yn dizze tiden fan koroana yn bestân stien en nim in oar tema foar kar. Oan ’e oare kant, wat is der moaier om thússittend de eigen omkriten, de eigen provinsje wat better kennen te learen troch moaie foto’s, fraachpetearen, en eftergrûnynformaasje. Sjoch it mar as in firtuele ‘fakânsje’ op papier. En as we der dochs op út kinne, jout it mooglikheden om it eigen gea krekt op in wat oare wize te besjen.
DE NIJE
Ut de ynhâld:
Friezen profitearje fan toerisme
Simmer yn Fryslân
Boargemaster tusken dominy en keapman (boargemaster Buma)
Nasjonaal Lânskip Súdwest Fryslân, Mar en Klif
Noardeast Fryslân mei fiif streekmerken
Heity binne wy der hast al?
DE NIJE
Fierder:
‘Foar de bern’ (in hiel katern)
puzel en strip ‘Ringeldingen’
in essaywedstriid
Helje it tydskift yn de winkel of, noch leaver, nim in abonnemint (redaksje.denije@gmail.com)
Foar € 17.50 ha jo der gjin wurk mear fan en it fielt foar ús as stipe.

Histoarysk sjochspul Sleat. Foto: Aant Mulder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje